Iensume âlderein byinoar brocht mei krystdiners: "Zoiets kan veel veranderen"

Ien fan de krystdiners fan it Ouderenfonds
Ien fan de krystdiners fan it Ouderenfonds © ANP
Op reklames sjogge wy lange tafels mei laitsjende famyljes, genietsjend fan in grut krystdiner. Mar de realiteit is somtiden skrinend. In part fan de âlderein sakket folslein fuort yn iensumens.
Mei de krystdagen dompelje in soad minsken har ûnder yn geselligens. Mei de stoofparkes op it boerd en in wyntsje yn 'e hân, lekker byprate mei famylje. In tradysje dy't guon as fanselssprekkend ûnderfine.
Foar oaren is it lykwols in utopy. In part fan dizze groep bestiet út âlderein, by wa't de iensumens har mar net ferlitte wol.

In triuw yn de goede rjochting

"Het is daarom goed dat mensen hen opgeven bij ons", seit Lise Notenboom fan it Nationaal Ouderenfonds. "Op die manier kunnen we hen een duwtje in de juiste richting geven."
Geselligens mei it krystdiner
Geselligens mei it krystdiner © ANP
Om de krystdagen hinne organisearret it fûns in krystkaarte-aksje, wêrby't âlderein kaarten fan ûnbekenden ûntfangt. Ek binne der yn it hiele lân krystdiners. Yn ûnder oare Snits, Hurdegaryp en Wolvegea skode âlderein oan om sa ûnder de minsken te kommen.
Ien út de omjouwing kin him of har opjaan. "Dat doet bijvoorbeeld de pastoor, iemand van het Leger des Heils of personeel van de welstandscommissie dat nog wel eens een bezoekje brengt." Komselden binne it famylje of freonen. "Die hebben ze vaak niet of spreken ze zelden."
Mei-inoar oan tafel
Mei-inoar oan tafel © ANP
Neffens Notenboom is iensumens faak dreech te werkennen. Dochs binne der sinjalen. "Het huis nauwelijks verlaten is vaak geen goed teken. En als iemand meteen met veel verhalen komt aanzetten, kan dat ook betekenen dat hij of zij verlegen zit om contact."

It docht goed

De gearkomste by it kersdiner docht de âlderein yn dúdlik goed, seit Notenboom. "Sommigen wisselen gegevens uit, zodat ze naderhand contact kunnen blijven houden. Zoiets kan veel veranderen."
Lekker ite
Lekker ite © ANP
Psycholooch Irma van Steijn ûnderstreket it belang fan sosjaal kontakt. Se fertelt dat op de Harvard-universiteit in ûndersyk rint fan sa'n tachtich jier.
"The Grant Study, heet het. Mensen worden hun leven lang gevolgd. Zo achterhalen onderzoekers wat leidt tot een gelukkig en gezond leven", fertelt Van Steijn. "Niet de genen, het lijfelijk gestel, intellect of inkomen hebben de grootste invloed. "Het voelen van verbondenheid staat bovenaan zonder discussie bovenaan."

It weifallen fan de partner

Van Steijn wol de klam lizze op it feit dat der ferskil is tusken allinne wêze en iensum wêze. "Alleen zijn, is zonder mensen om je heen. Dat is soms erg fijn. Eenzaamheid kan ook opdoemen in een groep. Als je geen connectie met je omgeving hebt, voel je je wellicht alleen", seit sy. "Vaak kiezen mensen er dan voor om liever alleen eenzaam te zijn."
In faak foarkommend oarsaak fan iensumens by âlderein is it fuortfallen fan de partner. It ferdwinen fan in lange leafdesferbyntenis hat in grutte ympakt. Ek bern en bernsbern dy't minder faak delkomme kin iensumens yn 'e hân wurkje. Krekt as it ôfnimmen fan de mobiliteit.
Psychologe Irma van Steijn
Psychologe Irma van Steijn © Omrop Fryslân
"Als ouderen niet meer morgen autorijden, of niet kunnen fietsen, wordt hun wereld ineens veel kleiner. Ook kunnen ze soms door fysieke ongemakken niet meer mee met reisjes voor alleenstaanden", seit de psychologe.
Sy heakket dêr oan ta dat fysyk kontakt tige wichtich is. "Daarmee bedoel ik knuffelen. Toen dat niet kon tijdens de coronatijd, leden ze daar enorm onder."

De mienskip

Van Steijn wiist der ek op dat globalisearring somtiden te'n koste fan âlderein giet. "Vroeger had je een sterkere 'mienskip'. Mensen werden geboren in een dorp, en bleven daar vaak. Het was een soort stam", vertelt ze.
"Het heeft voordelen dat je nu zomaar ergens heen kan vliegen, maar het zorgt er ook voor dat de sociale controle afneemt en de eenzaamheid groeit."
It waarme krystgedoel dat fia de telefysje en de radio de keamer binnenkomt, kinne je neffens Van Steijn better mije by iensumens. "Zet die kerstfilm uit en begin aan een legpuzzel. Probeer te doen alsof het een normale maandag en dinsdag is."
Irma van Steijn oan it wurk
Irma van Steijn oan it wurk © Omrop Fryslân
Ek bûten de krystdagen helpt it om ôflieding te sykjen. "Ruim de lades op, of doe een ander klusje waar je voldoening uithaalt. En mocht het fysiek lukken, maak dan een lekkere wandeling."
Minsken dy't har iensum fiele, jouwe dat sels selden oan. Se sette just in stap werom, fernimt Van Steijn by har pasjinten. Stadichoan reitsje sy wat mear depressyf.
"Ze vinden zichzelf niet leuk of betekenisvol. 'Wie zit er op mij te wachten', vragen ze zich af. Als je jong, vader, moeder, of een collega bent, voel je vaker dat je iets toevoegt. Als je op leeftijd bent, heb je dat minder vaak. En als je dan ook nog eens geen mensen ziet..."

Mentaal en fysyk

It mentale lijen kin syn wjerslach hawwe op it lichem. "Eenzaamheid maakt mensen ziek. Je krijgt sneller kanker en het vergroot de kans op hart- en vaatziekten." In soarchfersekerder frege Van Steijn dêrom om in programma op te stellen.
"'Eensaampjes' heette het. Ik liet het iedereen weten en plaatste advertenties. Wat denk je? Er kwamen maar twee personen. Bijna niemand durfde de stap te zetten. Bang om zielig gevonden te worden", seit Van Steijn. "Precies hetgeen wat eraf moet."
Neffens it Ouderenfonds binne sa'n 1,7 miljoen âldere minsken yn Nederlân iensum. Mear as 590.000 minsken fiele har sels slim iensum. Fan de minsken tusken de 75 en de 85 jier giet it al om mear as de helte dy't him iensum fielt.
De krystdiners fan it Ouderenfonds dogge fertuten, sa docht bliken. Yn Hurdegaryp kaam tsientallen âlderein nei it diner, dat organisearre waard yn in hotel.
Der wie muzyk en iten, de boargemaster die in wurdsje en de jûn waard tapaslik begûn mei it 'Komt allen tezamen.' De oanwêzigen hiene in geweldige jûn en der binne kontakten útwiksele. Krekt as wat de bedoeling wie.