Dirk Monsma smyt 2024 kear mei in autobân foar it goede doel: "Mei de rêch giet it goed"

Dirk Monsma dwaande mei syn aksje
Dirk Monsma dwaande mei syn aksje © RTV NOF
Dirk Monsma fan Dokkum sit op it stuit midden yn in fysike útdaging foar it goede doel. Hy hat him ta doel steld om binnen seis dagen mar leafst 2024 kear in trekkerbân fan 83 kilo om te smiten. It haaddoel is om safolle mooglik jild yn te sammeljen foar ALS by de aksje Serious Request.
Op woansdeitemoarn begûn Monsma oan syn tredde dei, en oant no ta ferrint alles neffens plan. It ynsammele jildbedrach rint al yn de tûzenen euro's. "It iennige dêr't ik lêst fan haw, binne myn ûnderearmen, mar mei de rêch en skonken giet it fierder hiel goed", meldt hy. Monsma slagget der oant no ta goed yn om yn it foar betochte tiid te wurkjen.
Dirk Monsma yn aksje foar Serious Request
Hy hie him foarnommen om alle dagen 350 Tyre Flips te dwaan, en yn it middeisskoft sit er meastal al op 250. "Dêrnei nim ik genôch rêst: of ik haw de middeis frij of de jûn." Monsma seit mei klam dat er it mei belied oanpakt: "As ik tink dat ik nochris 100 ekstra doch, ha ik der de oare deis wer lêst fan."

Muoike Betty

Monsma is dizze aksje begûn nei oanlieding fan it ferstjerren fan syn neef Hendrik twa jier lyn oan de sykte ALS. Betty, de mem fan Hendrik, koe har emoasjes net ynhâlde doe't se hearde dat Monsma dizze aksje op tou sette.
"Ik moat tajaan dat ik efkes in kertierke tegearre mei myn dochter gûld ha." Betty stipet Monsma folslein. Se stipet him entûsjast yn de sportskoalle.
Mei dizze aksje wurdt de lêste winsk fan Hendrik ek ferfolle. "Hendrik syn lêste wurden op Twadde Krystdei wiene: Mem, as der in ynsammelingsaksje komt of se dogge wat mei ALS, jou it oan ALS. Ik wurd net mear better, mar de minsken nei my moatte dat wol. Hindrik soe o sa grutsk wêze; ik tink ek wol dat er ús heart", sa seit muoike Betty.

Soad reaksjes

Wylst Monsma mei oerjefte dwaande is, komme der de hiele dei troch minsken del om him oan te moedigjen. Ek de reaksjes út Dirk syn sportskoalle wei binne "fantastysk." 3FM brocht dizze wike ek in besite en Monsma kaam live yn it Glêzen Hûs, wêrnei't it ynsammele jildbedrach hieltyd fierder oprûn. "We sitte no hast op 6000 euro; 7500 soe fantastysk wêze."
Monsma sil trochgean mei de Tyre Flips oant sneon. Dy dei sil feestlik ôfsletten wurde by de sportskoalle yn oanwêzigens fan de famylje fan Hendrik.