Nije KNKB-direkteur wol imago keatssport oppoetse: "Der wurdt mear keatst as dat wy tinke"

Dirk Jan van der Woud
Dirk Jan van der Woud © Omrop Fryslân
Hy wol it noch net oer syn plannen foar de keatssport ha, mar Dirk Jan van der Woud kin hast net wachtsje om te begjinnen as nije direkteur fan de KNKB. "Keatsen is prachtich wurk, dat moat posityf op de kaart."
Van der Woud (52), ien kear winner fan de PC, siet yn syn aktive karriêre al yn ferskate bestjoeren. Sa wie er bygelyks waarnimmend foarsitter fan de Vereniging van Kaatsers (VVK), in soarte fan fakbûn binnen it keatsen.
De VVK kaam op foar de belangen fan keatsers en ferdielde sponsorjild. "Yn dy tiid prate ik dus al oer budzjetten. We krigen sinten, mar dat moast goed ferdield wurde oer de keatsers, net allinnich de partoeren dy't altyd om de prizen meidienen. Dat wie prachtich om te dwaan."
Yn de jierren nei syn karriêre wie Van der Woud ûnder oare aktyf as trainer, foarsitter fan de kommersjele klup fan de KNKB en fan it PC Selskip. De stap nei KNKB-direkteur klinkt dêrom logysk. "Ik wol myn ferantwurdlikheid nimme."
Dirk Jan van der Woud yn 2008
Dirk Jan van der Woud yn 2008 © Omrop Fryslân
Dat die er op it keatsfjild ek. Doe't er yn 1991 op it heechste nivo sjen kaam, duorre it noch even foardat de suksessen kamen. "Dy earste jierren wie it wat tuike tuike, letter dienen we geregeld mei om de prizen."
Uteinlik wûn Van der Woud hast alle keatsklassikers, mei as hichtepunt de winst op de PC yn 2000, mei syn maten Klaas Berkepas en Klaas Anne Terpstra. "Dat wie hiel ferrassend, ek omdat we yn de finale tsjin it toppartoer fan Pieter van Tuinen moasten. Dy hienen it hiele jier goed prestearre, wy hienen mar ien partij wûn."
Neffens Van der Woud hiene 99 fan de 100 minsken sein dat Van Tuinen de finale winne soe. "Mar wy keatsten ôfgryslik sterk, op ús alderbêst. Dat wie de bekroaning fan in hiel soad arbeid, enerzjy en tiid."
De lêste mominten fan de PC 2000 en de reaksje fan in jubeljende Van der Woud
Nei't er opholden wie mei keatsen op it heechste nivo, waard Van der Woud noch trije kear Nederlânsk keatskampioen mei Goutum. "By de earste kear, yn 2009, wie ik al trije jier opholden. Mar ik trainde hiel hurd, want ik wist dat Daniël Iseger by ús yn de ôfdieling kaam. Ik mocht altyd graach mei him keatse. Dat wienen ek hichtepunten."
Yn dy tiid wie Van der Woud dus ek al dwaande om him op in oare wize yn te setten foar de keatserij. No berikt er, nei eigen sizzen, "it heechste amt".
Der wurdt folle mear keatst as dat we tinke.
Van der Woud is posityf oer de stân fan it keatsen
Doe't bekend waard dat de KNKB op syk koe nei in nije direkteur, nei't Marco Hoekstra nei seis jier opholden wie, krige Van der Woud berjochten fan allegear minsken binnen de keatswrâld. "Sponsoaren, kaderleden, parse: minsken dy't witte hoe belutsen oft ik bin, seinen dat dit in gouden kâns wie."
Dat gefoel hie er sels ek: "Dizze trein komt mar ien kear yn de safolle tiid foarby. En as ik it no net doch, krij ik miskien wol net wer de kâns. Dit fielde as it juste momint, der is in soad wurk te ferrjochtsjen."
Dêrmei doelt er benammen op, sa't er it sels neamt, de byldfoarming. It giet neffens Van der Woud lang net sa min mei de keatssport as wol sein wurdt. "Der wurdt folle mear keatst as dat wy tinke. Net mear altyd ûnder de flagge fan de KNKB, mar wol allegear wylde partijen. Dy binne in grut sukses, je sjogge dat it keatsen libbet."

Earst prate

Dat moat ek moai sa bliuwe, fynt Van der Woud. "It moaie fan dy partijen is dat je keatse as je sin ha. Minsken wolle net te folle ferplichtingen, dat sjochst yn de hiele maatskippij: men wurdt makliker. It is foar ús saak om se lid te meitsjen fan de KNKB. En ik sjoch wol mooglikheden."
Hoe't er dat presys oanpakke wol, dêr wol Van der Woud noch net te folle oer kwyt. Hy begjint op 1 febrewaris yn syn funksje. "Dan moat ik earst ris mei elkenien prate. Myn foardiel is dat ik wol aardich wit hoe't de hazzen rinne. Mar allinnich kin ik net in soad, mei ús allen kinne we in soad."