Demisjonêr minister Adema ropt nije kabinet op: "Meitsje it lânbouakkoart ôf"

Demisjonêr minister Piet Adema fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit
Demisjonêr minister Piet Adema fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit © ANP
Demisjonêr minister Piet Adema fan Lânbou ropt it nije kabinet op om it lânbouakkoart ôf te meitsjen. Adema docht dy útspraak yn in Twadde Keamerdebat, wêryn't hy bot ûnder fjoer lei.
Sels slagge Adema net yn it ôfmeitsjen fan it akkoart, mar der sit takomstperspektyf yn foar de boeren seit hy.
"It gie yn it akkoart oer it ferduorsumjen fan de agraryske sektor", seit de minister. "Der wie ek foar de natuer in goeie oplossing fûn en dus bliuwt it skande dat LTO fan tafel stapt is."
Dizze útspraak krige in soad wjerstân út de Keamer wei. "Ik vind het heel zielig voor de minister die het er persoonlijk zo zwaar mee gehad heeft", seit Laura Bromet fan GroenLinks-PvdA. "Maar het is te makkelijk om LTO de schuld te geven."

Wat wie it lânbouakkoart?

De ûnderhannelingen om it lânbouakkoart wiene moannenlang stoarmeftich.
It lânbouakkoart soe in ôfspraak tusken lânbou, ikkerbou, supermerken, natuerorganisaasjes en de oerheid wurde moatte. Der soene ôfspraken yn stean oer hoe't Nederlân yn de takomst de agraryske sektor ynfolje wol.
Eins wie de fraach: hoe kin der yn de takomst buorke wurde en wat betellet de konsumint dan foar it iten?
It lânbouakkoart is in idee fan Johan Remkes, de bemiddeler yn it stikstofdossier. Om de boeren wer takomstperspektyf te jaan, woe Remkes dat it regear om tafel gie mei de lânbou en oare partijen, lykas supermerken. Dy kinne hurde ôfspraken meitsje oer prizen yn de supermerk. It soe boeren helpe moatte om te ferduorsumjen en yntusken de stikstofútsjit te redusearjen.
Nei moannen fan ûnderhanneljen stapten ferskate boere-organisaasjes út it akkoart. FDF, Agractie en letter LTO seagen gjin perspektyf. Dochs lei der al wol in konsept. Adema ropt op dat konsept fierder út te wurkjen.
Adema leit yn it debat bot ûnder fjoer. Tjeerd de Groot fan D66 fâlt de minister oan op de derogaasjemaatregels. De derogaasje is in regeling fan Europa út, wêryn't stiet hoefolle dong oft boeren útride meie. Dêr sit in limyt oan fan 170 kilogram stikstof út dong. Mar foar Nederlân is in útsûndering makke en mei der 220 oant 240 kilogram stikstof útriden wurde.
Dochs wurdt dy fergunning no weromlutsen en stadichoan ôfboud. Yn de kommende jierren oant 2026 wurdt it werombrocht nei 170. In grut tal boeren moat de kommende wiken noch in soad dong ôffiere litte en de prizen binne heech wurden. Adema hat dat yn Europa net goed dien, seit De Groot.

Op it rantsje

Adema stelde op 5 desimber de Keamer op de hichte fan de oanpak foar 'Nutriënt-Verontreinigde Gebieden'. Dat binne gebieten wêr't in soad stikstof of fosfor yn de grûn sit. Boeren yn dy gebieten moatte de derogaasje noch rapper ôfbouwe.
Yn Fryslân giet it dan bygelyks om de Noardlike Fryske Wâlden. Neffens De Groot wist Adema dat probleem al folle earder. Adema hie de Keamer dus ek earder op de hichte bringe moatten. "Ik wil een tijdlijn ontvangen", seit De Groot. "De minister gaat een beetje langs het randje op het informeren van de Kamer."

Hoe kin in demisjonêr minister debatearje mei in nij ferkeazen Keamer?

As in kabinet falt, wurdt dat demisjonêr. Dat betsjut dat sy net oer kontroversjele ûnderwerpen in beslút nimme meie. Pas as it nije kabinet formearre is, mei dy grutte ûnderwerpen wer oppakke. Mar yntusken stiet de tiid net stil.
It debat fan tongersdei giet oer de rinnende beliedsmaatregels op it mêd fan lânbou dy't it kabinet-Rutte IV ynset hat. Ien dêrfan is de pykbelestersregeling, mar ek de problemen oer de derogaasje. Mar net alle stikstofmaatregels wurde behannele.
No't der noch in formaasje dwaande is, binne ferskate ûnderwerpen kontroversjeel ferklearre. It giet dan bygelyks oer it stikstoffûns fan 25 miljard, dat foar de provinsjes bedoeld wie.
Sa wurde parten fan it Nationaal Programma Landelijke Gebied net behannele. Dêryn stean plannen foar de provinsjes om de stikstofútsjit nei ûnderen te krijen, de wetterkwaliteit te ferbetterjen en de Natura2000-gebieten ûnder hannen te nimmen.
Provinsje Fryslân frege earder 5 miljard fan it ryk. Fraach is noch of dat fûns komt, want de formaasje fan de nije partijen (PVV, VVD, NSC en BBB) binne noch oan de gong. Dy wolle dêr nei alle gedachten gjin jild foar útlûke.
Adema pleitet dat der in oare oanpak komt fan it stikstofprobleem. "Der is gjin boer itselde en dus moat der ek maatwurk komme. Sy moatte de romte krije om alles sels te dwaan, mar der moatte wol sankjes komme as it net giet sa't it giet. Je moatte as oerheid bystjoere kinne. Want der lizze gewoan ôfspraken yn Europa. Wy wolle allegear gewoan skjinner wetter en minder stikstof. Sa simpel is it."

'Ik meitsje it net mear mei'

Adema ropt dan op mei in fyzje te kommen op it mêd fan lânbou. Dat is der neffens him nei trije kabinetten noch net. "Mar ik meitsje dat nei alle gedachten sels net mear mei. Dat is foar it nije kabinet."