Titel Parasportman fan it Jier makket Joël de Jong euforysk: "Nu in illuster gezelschap"

Joël de Jong mei syn priis
Joël de Jong mei syn priis © ANP
Grutskens en eufory, dy gefoelens oerhearskje op 'the day after' by Joël de Jong. De Harnzer atleet waard woansdei op it Sportgala yn Utrecht útroppen ta 'Parasportman fan it Jier'. "Dit is een geweldige eer."
De Jong hat in fantastysk jier efter de rêch. De Harnzer pakte op it WK para-atletyk yn Parys goud op de 100 meter yn de saneamde T63-klasse. Boppedat helle hy in brûnzen medalje by it fierspringen. "De titel Parasportman van het Jaar is een bekroning van dit mooie seizoen", seit De Jong.

Sportproteze

De 21-jierrige Harnzer belibbet no de tiid fan syn libben, mar it is him net altyd foar de wyn gien. Troch botkanker ferlear hy in part fan syn skonk. De Jong mocht graach sporte, mar mei syn âlde proteze gie dat net goed, dy gie wol gauris stikken. Jild foar in bettere sportproteze wie der net.
Troch donaasjes fan wyldfrjemden kaam dy nije proteze der letter dochs. "Op dit soort momenten denk ik weleens terug aan die tijd: mijn prothese die om de haverklap brak, toen dacht ik wel: hoe moet dit verder?"
Ik heb weleens gedacht: ga ik het wel overleven?
Parasportman fan it Jier Joël de Jong hat ek drege tiden hân
"Maar ik denk ook nog regelmatig terug aan de tijd dat ik botkanker had. Toen heb ik weleens gedacht: ga ik het wel overleven? Nu ben ik Parasportman van het Jaar, daar ben ik heel trots op", fertelt De Jong.

Priis mei histoaryske wearde

De Harnzer fûn it al moai om nominearre te wêzen, dat hy de titel winne soe, hie De Jong totaal net ferwachte. "Ik dacht zelf dat zwemmer Rogier Dorsman zou winnen. Hij pakte op het WK zes medailles."
Doe't de namme fan De Jong neamd waard, gie der in gefoel fan eufory troch him hinne. "Ik kom nu in een illuster gezelschap, dus daar ben ik heel blij mee."
De priis fan De Jong hat ek histoaryske wearde. It wie foar it earst dat der prizen útrikt waarden foar de bêste parasportman en de bêste parasportfrou fan it jier. Earder krige allinnich de bêste parasporter in priis. "Ik vind dit een mooie ontwikkeling, nu is het gelijkgetrokken met de olympische sporters. Het is mooi dat ik deze prijs als eerste mag winnen."
Joël de Jong mei Parasportfrou fan it Jier Diede de Groot
Joël de Jong mei Parasportfrou fan it Jier Diede de Groot © ANP
De atleet hat in protte reaksjes krigen fan famylje en freonen. "Ik heb ze nog niet allemaal kunnen beantwoorden, maar het is heel leuk dat iedereen zo meeleeft."

Drave en fierspringe

De Jong prizet de help fan syn coaches en ploechgenoaten. Ek wichtich yn it sukses fan de Harnzer wie syn ferhuzing nei Papendal, by it trainingssintrum. "Daar heb je heel veel testmateriaal: allemaal lasers waar je doorheen kunt lopen, dan kun je echt resultaten zien. Wat je paslengte is, wat je contacttijden zijn; die details hebben me echt geholpen om net de laatste puntjes goed te regelen. Door kleine dingen aan te passen, kan ik net wat verder springen en harder lopen."
De atleet kombinearret it draven mei fierspringen. "Dat is goed te doen. Om ver te kunnen springen, moet je goed kunnen hardlopen. Het is makkelijker dan sprinten en speerwerpen bijvoorbeeld."
Joël de Jong oan it springen
Joël de Jong oan it springen © ANP
De Jong is alwer folop oan it trainen foar takom seizoen. Dan steane it WK en de Paralympyske Spelen op it programma. "Ik ben daar superenthousiast over. Mijn rol zal wel wat anders zijn: toen ik begon, was ik de underdog en nu de favoriet, maar ik kijk ernaar uit."