HEA! Krystdiner by it Leger des Heils

HEA! Krystdiner by it Leger des Heils
Mei-inoar ite, diele en libje, dat is de doelstelling fan it Leger des Heils yn Harns. Ien fan de aktiviteiten is harren mielprojekt, dat om de twa wiken plakhat. It krystdiner is alle jierren wer in ekstra feestlik barren.
It binne lang net altyd minsken dy't gjin jild te besteegjen hawwe. It giet ek om minsken dy't allinne binne en dy't der foar de sosjale kontakten komme, om't se iensum binne. Ek dit jier is de gesellichheid en it lekker mei-inoar iten it alderaardichst. Dizze kear binne der sa'n 60 gasten út Harns en omkriten.