Liveblog | 21 desimber 2023

112-nijs fan 21 desimber: Ferwûne by stekynsidint yn Wolvegea | Stoarm Pia raast oer Fryslân

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 21 desimber 2023, 21:37
21:37

Persoan ferwûne by stekynsidint yn Wolvegea

By in stekynsidint yn de omjouwing fan de Lijsterstraat yn Wolvegea is om 20.10 oere hinne in persoan ferwûne rekke. It slachtoffer is behannele troch ambulânsepersoniel.
De plysje wol fierder noch gjin ynformaasje jaan oer it ynsidint. Der wurdt ûndersyk dien nei de tadracht.
21:17

De A7 is wer frij

De A7 tusken De Jouwer-West en de Prinses Margriettunnel is nei in lyts oere wer frijjûn foar it ferkear.
20:55

A7 ôfsletten om spoedreparaasje

De A7 tusken De Jouwer-West en de Prinses Margriettunnel is ôfsletten. Dat meldt Rykswettersteat. Dat hat te krijen mei in 'spoedreparaasje'. It ferkear wurdt advisearre in oare rûte te nimmen.
19:31

A32 wer iepen

De A32 tusken Akkrum en It Hearrenfean is wer hielendal frijjûn.
Earder op de dei kantele op dy dyk troch stoarm Pia in frachtwein. Dêrtroch wie de dyk yn súdlike rjochting ferskate oeren ôfsletten om de frachtwein dêr fuort te krijen.
17:54

Fearboat fan Doeksen losslein

It skip fan Rederij Doeksen op webcambylden
It skip fan Rederij Doeksen op webcambylden © Webcam-Brandaris.nl
In fearboat fan Rederij Doeksen is losslein. Dat meldt Omroep Zilt. De foarkant fan de MS Willem Barentsz kaam frij fan de kant troch stoarm Pia.
It skip lei sûnder bemanning op it nachtlisplak. Troch de hurde wyn rekken de touwen los.
Rederij Noordgat hat it skip wer fêstlein.
16:02

Dizze frou ried efter it ûngelok

"Hij begon te zwaaien en stond te wiebelen op z'n wielen"