Joël de Jong útroppen ta Parasportman fan it Jier

Joel de Jong mei Diede de Groot, Parasportfrou fan it Jier
Joel de Jong mei Diede de Groot, Parasportfrou fan it Jier © ANP
Joël de Jong (21) fan Harns hat de titel Parasportman fan it Jier wûn. De Jong waard dit jier ûnder oaren wrâldkampioen op de 100 meter atletyk.
De Jong is tige wiis mei de priis. It is foar him in bekroaning nei in soad goeie resultaten dit jier. "Wat ik in zo'n korte tijd heb kunnen bereiken is echt geweldig." Syn kearn ta sukses neamt er "geweldige teamgenoten en een goede sfeer."
orange
Joël de Jong op it WK para-atletyk yn Parys © Orange Pictures
Op it wrâldkoampioenskip yn Parys fan dit jier wûn er in gouden medalje op de 100 meter en in brûnzen medalje op it fierspringen. Syn doel foar takom jier is om ek in gouden plak op de Paralympyske Spelen te heljen.

Bruinsma en Bangma net yn 'e prizen

Paraswimster Liesette Bruinsma fan Wommels wie nominearre yn de kategory Parasportfrou. Tristan Bangma fan Donkerbroek stie tegearre mei teamgenoat Patrick Bos op de nominaasjelist fan sportploech fan it jier. Beide wûnen se net.
It is dit jier foar it earst dat de prizen yn de kategoryen fan Parasportman, Parasportfrou én Parasportploech útrikt wurde. Hjirfoar wie dat allinnich parasporter fan it jier.