Ried Ljouwert stimt ûnder betingst yn mei komst opfang foar dakleaze jongelju

Skills in de stad
It âlde belestingkantoar oan it Jacob Catsplein © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De earste hobbel foar de komst fan jongereinopfang 'Skills' nei Ljouwert is naam: de gemeenteried stelt 2,2 miljoen euro beskikber foar de oankeap fan it âlde belestingkantoar oan it Jacob Catsplein.
Der binne allinnich wol strange betingsten steld troch de gemeenteried. Sa moat der op oantrúnjen fan de ChristenUnie en de VVD in goed plan komme om oerlêst foar de buert foar te kommen. Ek moatte de omwenners meinaam wurde by de ynrjochting fan it gebiet. Dêrneist moat dúdlik wurde hoe't de begelieding fan de jongeren der út komt te sjen.

Krityk hanneljen gemeente

Der wie in soad krityk op it hanneljen fan de gemeente by de komst fan Skills nei Ljouwert. Der wurdt al sûnt 2018, 2019 neitocht oer de oankeap fan it âlde belestingkantoar. Omwenners waarden dêr allinnich net yn meinaam. Sy waarden ferline moanne oerfallen doe't it nijs bekend makke waard dat de gemeente it gebou keapje wol.

Benaud foar oerlêst

Riedsleden binne dêr min oer te sprekken. In moasje fan Lijst 058 om har ôfkarring út te sprekken oer de kommunikaasje helle it net. De yntsjinner fan de moasje, Otto van der Galiën, stimde by fersin tsjin syn eigen moasje.
De omwenners binne benaud foar oerlêst as der aanst 48 jongeren húsfeste wurde. De tunen fan de omwenners grinzje oan de efterkant fan it gebou. Sy binne benaud foar it ferlies fan privacy en lûdsoerlêst.
Dy eangst is net fuort. "We hebben er gewoon geen vertrouwen in dat de buurt overlast-vrij zal zijn", seit omwenner Ton Goossens. "Het blijft gewoon niet de goede locatie."
Skills in de stad
It útsicht fan omwenners op it âlde belestingkantoar. © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It giet om it projekt 'Skills in de stad'. It is in gearwurking tusken de achttjin Fryske gemeenten, Leger des Heils, Wender en Limor. Se wolle sa wat dwaan oan dakleazens ûnder jongerein, de saneamde Brede Aanpak Dakloosheid (BAD).
Op dit stuit steane der 97 jongelju yn Fryslân registrearre dy't gjin dak boppe de holle hawwe. It totale tal dakleazen yn de provinsje is 432. Sy wurde 'bankhoppers' neamd om't se faak tydlik by ien ferbliuwe dy't se kinne.
Nei ferwachting start de bou dan yn 2025 en kinne de earste bewenners der yn 2026 yn.
Wethâlder Hein Kuiken lûkt him de krityk oan. Hy fynt dat it efternei better wie 'spesifiker' te kommunisearjen mei de ried. Hy seit ta dat better op te pakken as it beslút naam is.
Kuiken seit dat er stie foar in 'duivels dilemma': "Ja, we waren bezig met het maken van plannen maar een besluit lag er nog niet. Ga je dan communiceren met een tas vol vraagtekens of wacht je tot je echt iets concreets hebt."
Op oantrúnjen fan de VVD is ek fêstlein dat der net mear opfanglokaasjes bykomme yn de wyk. Der is opfang foar Oekraynske flechtlingen en ek needopfang foar asylsikers.