Fûgelwacht Akkrum krijt skilderijen en hûs fan keunstner Jan Steegstra

Fûgelwacht Akkrum mei de skilderijen
Fûgelwacht Akkrum mei de skilderijen © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Net faak krijt in organisaasje as de fûgelwacht in hiel hûs út in erfenis. Fûgelwacht Akkrum oerkaam it wol en krige der ek noch in samling skilderijen op ta.
It hûs en de skilderijen binne fan Akkrumer Jan Steegstra. Hy ferstoar earder dit jier nei in jierrenlange sykte. Yn syn hûs binne skilderijen oantroffen dy't er sels makke hat.
Eins wisten se by de pleatslike fûgelwacht neat oer dizze fûgelleafhawwer. Dat hie te krijen mei hoe't Steegstra de ôfrûne jierren libbe. Hy wie net sûn en hy libbe as in kluzener.
In soad guod yn syn hûs wie net fan wearde, seit sekretaris Wim van Gorkum. "Mar doe't we de skilderijen oantroffen, seinen we: dy kinne we net yn de kontener drukke. Dêr sit in ferhaal achter dat wy sjen litte wolle oan it doarp."
Skilderijen fan Jan Steegstra
Skilderijen fan Jan Steegstra © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Koartlyn hawwe der besichtingen west foar de doarpsbewenners. Seis fan de trettjin skilderijen binne ferkocht. En se kamen mear oer Jan Steegstra te witten. In âlde keunstner fertelde oan fûgelwachtponghâlder Karst Breeuwsma dat er dúdlik de ûntwikkeling yn Steegstra syn skilderkeunst sjen koe.
It earste skilderij is in realistysk lânskip dat Steegstra op de skildersakademy makke hat. Yn 1974 skildere er yn in kubistyske Picasso-styl. Dêrneist sitte der ek noch oare wurken út 1977 yn de samling.
"Dy man hie lêst fan skizofreny. Hy is fersâne yn syn eigen fantastyske figueren. Dat kinst dúdlik sjen yn dy skilderijen", mient Breeuwsma. Se binne abstrakt en kleurich. "Dêr is gjin tou oan fêst te knoopjen. Eltsenien sjocht der wat oars yn. Miskien kinne we der fûgels úthelje."
Wurk fan Jan Steegstra út 1977
Wurk fan Jan Steegstra út 1977 © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Steegstra wie in fûgelleafhawwer en in fjildman. "Alle jiergongen fan ús jierboekje hat er bewarre", seit foarsitter Jan Peenstra fan Fûgelwacht Akkrum. En op de fliering hie er in samling aaien te lizzen. Dêr sitte aaien by dêr't se by de fûgelwacht net fan witte fan hokker fûgel oft dy komme.
De skilder kaam graach yn it fjild. "De rêst dêr fûn er moai", hat Peenstra fan oaren heard.
Fûgelwacht Akkrum erve in hûs en skilderijen fan Jan Steegstra
De skilderijen moatte net yn in samling earne op in souder terjochte komme, fynt Peenstra. "Ik tink dat it yn de geast fan Jan Steegstra it bêste is dat se by leafhawwers komme. De doeken binne goed dokumintearre en op de foto kaam. We hâlde by wêr't se bedarre binne. Mochten we der letter noch wat mei dwaan wolle, dan is dat te regeljen."
De skilderijen kinne by it bestjoer fan Fûgelwacht Akkrum besjoen en kocht wurde. Mei de folsleine opbringst wolle se wat mei greidefûgels dwaan. Wat krekt, witte se noch net.