FIDEO: Aardema ferlit Provinsjale Steaten, Graansma nimt syn plak oer

Aardema ferlit de Steaten, Graansma ynstallearre
Max Aardema fan de PVV hat de Provinsjale Steaten no offisjeel ferlitten. Hy giet fuort omdat er oan de slach sil foar de PVV yn de Twadde Keamer. Syn plak stiet er ôf oan de 24-jierrige Jeffrey Graansma.
It oare Steatelid foar de partij is Harrie Graansma. Dêrmei foarmje heit en soan no de Fryske fraksje fan de PVV.
Jeffrey Graansma is mei syn ynstallaasje no ek it jongste Steatelid. Oant woansdei wie Tjitte Hemstra (26) dat foar de FNP. Graansma is njonken Steatelid ek gemeenteriedslid yn Achtkarspelen.