Der binne hieltyd minder skuonmakkers: "Wy stjerre stadichoan út"

Hieltyd minder skuonmakkers
Der ferdwine hieltyd mear skuonmakkers, wylst it hieltyd drokker wurdt. Eartiids siet hast yn alle doarpen in skuonmakker, no is Eelke Zwart ien fan de iennigen yn de omjouwing fan Dokkum. Dochs wurdt it wol populêrder en wolle minsken hieltyd faker harren skuon wer meitsje litte.
Dat is wat fan it ôfrûne jier: "Dit hat foar in grut part te krijen mei duorsumens", fertelt Zwart, eigener fan skuonmakkerij 'Zwart sinds 1887'. "Minsken lette der mear op en wolle harren stientsje bydrage. Dat is ek yn Fryslân in ding oan it wurden."
Nettsjinsteande de drokte, ferdwine der wol in protte skuonmakkers: "Eartiids folgen folle mear jongelju de fakskoalle ta skuonmakker. Dat is no hielendal net mear sa. Ferline jier wiene der sels hielendal gjin studinten. Ik tink dat it ambacht net mear hip is en minsken leaver wurkje mei de telefoan."

Opfolger

In soad skuonmakkers kinne dêrtroch gjin opfolger fine. By Zwart spilet dat probleem net: "Ik bin hjir altyd tegearre mei Ron. Ik haw him 30 jier lyn oplaat ta skuonmakker. Ik hoopje en tink dat, as de tiid ryp is, hy in goede opfolger fan de saak wêze soe."
Dat tinkt Ron Hardholt, wurknimmer fan 'Zwart sinds 1887', sels ek: "Alle dagen is it oars. In ritsje, in pear soallen of in praatsje mei de minsken yn de winkel. It is altyd gesellich. It liket my prachtich om de saak op in dei oer te nimmen."
Hardholt is posityf oer de takomst fan de skuonmakkerij: "Ik sis altyd mar sa: minsken ha altyd klean en skuon oan, dus dat giet altyd troch."