Dizze goeddoggers hannelje it hiele jier út de krystgedachte wei

Monique van der Hoek
Monique van der Hoek stie oan de basis fan Buurvrouw en Buurvrouw © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
It is de tiid fan leafde en frede en goed dwaan foar mekoar. De krysttiid stiet derom bekend. Moai fansels, mar der binne minsken dy't dat it hiele jier troch dogge. Minsken dy't wat betsjutte wolle foar oaren dy't it minder hawwe, dy't gjin plak yn in hûshâlding of famylje hawwe of dy't gjin jild hawwe om klean of iten te keapjen.
Dy minsken wurde op earste krystdei it strieljende middelpunt yn ús programma Buro de Vries: fjouwer reportaazjes oer de goeddoggers yn ús mienskip.

Leger des Heils: in haven foar de haveleaze

In organisaasje dy't altyd wer om 'e hoeke sjen komt as der minsken yn de lytse loege sitte, is it Leger de Heils. Motivearre troch it leauwen, steane se minsken by dy't help nedich ha. As frijwilliger, mar ek as profesjonal binne se op strjitte te finen by dakleazen, by prostituees, by minsken dy't ferslave of ferward binne, mar ek by tal fan ynstellingen.
Pop-upkafee Leger des Heils yn Ljouwert
Pop-upkafee Leger des Heils yn Ljouwert © Omrop Fryslân, René Koster
Wa't, seker sa om de krystdagen hinne, allinnich mar tinkt oan it klassike byld fan de heilsoldaat by de krystpot, docht de organisaasje dus bot tekoart. Yn in liet dat Stef Bos spesjaal foar it Leger des Heils makke, omskriuwt hy it sa:
"Ik wou een soldaat zijn in het Leger des Heils, gewapend met de liefde in een uniform met stijl. Een haven voor de haveloze in een zee van tijd. Ik wou een soldaat zijn in het Leger des Heils."
Binnen by it Leger des Heils
Binnen by it Leger des Heils © Omrop Fryslân, René Koster
Om in better byld te krijen fan it plak fan het Leger des Heils en syn soldaten yn Fryslân, makke it Buro in kuier troch Ljouwert mei offisier Henk Jan Bos en bedarre - om op te waarmjen - yn harren pop-up-kafee yn de stêd.

Goed dwaan oer it grêf hinne

Freerk Siekmans is al mear as 50 jier lyn ferstoarn mar noch altyd soarget dizze goeddogger derfoar dat guon Grousters wat ekstra krije foar de krystdagen.
Freerk Siekmans fan Grou, 1887-1971
Freerk Siekmans fan Grou, 1887-1971 © Omrop Fryslân
Freerk Siekmans wie in bysûnder man. Hy wenne allinnich op de Burdskop by Grou mei wat fee, syn einen en syn katten. Hy libbe allinnich en wenne fier fan de bewenne wrâld, mar woe perfoarst gjin kluzener neamd wurde. Dat stiet sels op syn grêfstien:
Freark Siekmans 1887 - 1971
Hij leefde lang in eenzaamheid
Als vrije vogelaar
Had menigeen tot vriend
En was geen kluizenaar
Flak foar syn ferstjerren hat hy in fûns oprjochte. Mei as doel allinnichsteande Grousters mei gjin oare ynkomsten as in AOW finansjeel in bytsje te stypjen yn de krysttiid. En dat fûns bestiet noch altyd. Alle jierren soargje de bestjoersleden Klaas de Boer, Pieter Engelsma en Boukje Hazenberg derfoar dat de winsk fan Freerk Siekmans útkomt.
It grêf fan Freerk Siekmans
It grêf fan Freerk Siekmans © Klazina Hofstee
"Prachtich dat der noch minsken binne yn Grou dy't elk jier mei de krysttiid wat jild krije kinne", seit De Boer fan it Freerk Siekmans fûns.

"Iedereen wil toch een goede buurvrouw hebben?"

Buurvrouw en Buurvrouw is in frijwilligersorganisaasje yn Ljouwert. Se helpe minsken mei in tige lytse beurs op ferskate fronten. Se dogge dat sûnder jild, mei sluten beurzen.
Wat lyts begûn, is hieltyd grutter wurden, fertelt Monique van der Hoek. Sy begûn mei Esmeralda de Vries yn 2018, it jier dat Ljouwert kulturele haadstêd wie, mei de grutste haakte tekken. Doe't dat klear wie, hiene se it gefoel mear mei it tema mienskip te kinnen.
Se setten útein mei in bus dêr't minsken iten helje koene. Yntusken is der folle mear by kaam. In hiele winkel oan de Marshallwei yn Ljouwert, buertkuolkasten, en aanst komt der ek noch in naai-atelier dêr't minsken harren klean werstelle kinne.
De winkel fan Buurvrouw en Buurvrouw
De winkel fan Buurvrouw en Buurvrouw © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Sa komme der ek hieltyd mear buorlju by. 'Droom groot' is it kredo en ek benammen de tins dat we allegear graach in buorfrou of buorman hawwe wolle dêr't we fan op oan kinne sit achter it idee.
De klanten dy't der komme, binne tige bliid mei de buorfroulju, fertelle se. Peter bygelyks is no ek frijwilliger. Troch Buurvrouw en Buurvrouw fielt hy him wer in folweardich minsk. Monique, de oprjochter fan BenB levert it ek wat op. "Ik word er een completer mens door en heb er veel van geleerd."

We dogge it foar ús pake- en beppesizzers

'Grootouders voor het klimaat' is in lanlike klup fan senioaren dy't har grutte soargen oer it klimaat makket. Wy binne der by as Marja de Boom út Drachten en Theo Oudega út It Hearrenfean yn it sintrum fan It Hearrenfean flyers útdiele en yn petear gean mei winkeljend publyk.
Theo Oudega en Marja de Boom sprekke op strjitte minsken oan en diele flyers út
Theo Oudega en Marja de Boom sprekke op strjitte minsken oan en diele flyers út © Geartsje de Vries, Omrop Fryslân
Dat rint somtiden út op in diskusje mar faker noch reagearje minsken fol begryp en ynstimming.
Ek Gijs van Hesteren út Harns is aktyf foar Grootouders voor het klimaat. "Ik zie het ook als een soort van boetedoening", seit er as him frege wurdt nei syn driuwfearren. "Het is toch vooral ónze generatie die er voor gezorgd heeft dat de toestand nu zo penibel is."
Gijs van Hesteren mei syn pakesizzer Milou
Gijs van Hesteren mei syn pakesizzer Milou © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
De beweging is noch net hiel lang aktyf yn Fryslân. Corina van Arnhem út Tsjummearum hat de Fryske ôfdieling opset en is ek tige aktyf foar de lanlike ôfdieling. Oer de aksjes seit sy: "Waar Extinction Rebellion óp de A12 zit, staan wy aan de kant van de A12. Wij senioren voeren iets minder hard actie."
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. Buro de Vries is te hearren op earste krystdei fan 11.00 oant 13.00 oere op de radio fan Omrop Fryslân.