Measte ferkearsdeaden yn Fryslân yn 10 jier: gemeentlike diken ûnfeilich

Blommen by de dyk om in ûngelok te betinken
Blommen by de dyk om in ûngelok te betinken © Shutterstock.com (Ronald Rampsch)
Der binne yn de lêste tsien jier noch nea safolle ferkearsdeaden fallen yn Fryslân as dit jier. Dat docht bliken út sifers fan it Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid (ROF). Yn totaal binne 32 minsken om it libben kaam yn it ferkear.
De deadlike slachtoffers foelen by 28 ferskate ûngelokken. Slachtoffers dy't binnen tritich dagen nei in ûngelok ferstjerre, wurde ek as ferkearsdeaden registrearre.
It giet hjir om sifers fan de plysje, dy't sammele binne troch it Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid (ROF). It CBS komt yn april mei eigen sifers, dy brûke dêrby ek gegevens fan sikehûzen.
Fan de ferkearsslachtoffers rieden alve op in fyts en sieten fjirtjin yn in auto. By dy lêste groep gong it om acht bestjoerders en sân passazjiers.
Fierder binne der trije fuotgongers omkaam yn it ferkear, twa bromfytsers, ien motorrider en ien scooterrider.
Wat fierder opfalt is dat de measte deaden, sân, falle yn de leeftiidsgroep fan 31 oant en mei 40 jier. Dêrnei telt de groep fan 71 oant en mei 80 jier de measte deadlike slachtoffers: seis. Yn de groep fan 81 oant en mei 90 waarden fiif deaden registrearre. Fan alle slachtoffers boppe de 70 jier rieden acht persoanen op de fyts.

Gemeentlike diken

It binne benammen de gemeentlike diken dy't ûnfeilich binne: 21 fan de 28 deadlike ûngemakken fûnen dêr plak. It giet dan benammen om ûngemakken mei fytsers en kuierders.