Hannemahuis keapet twa bysûndere stedsgesichten fan Harns út de 18e iuw

It wintergesicht op de Harnzer Bûtenhaven yn 1784
It wintergesicht op de Harnzer Bûtenhaven yn 1784 © Kolleksje Hannemahuis
It Hannemahuis hat twa bysûndere, 18e-iuwske stedsgesichten fan Harns op in feiling kocht. It binne twa pasteltekeningen mei wintertafrielen, makke troch de ferneamde keunstner Nicolaas Baur (1767-1820).
It museum hat de twa keunstwurken oankocht op in feiling fan it Venduehuis yn De Haag. De tekeningen hearre byinoar: beide gesichten binne yn 1784 tekene, doe't Nicolaas Baur noch mar 17 jier âld wie.
De heit fan Baur kaam út Dútslân wei en fêstige him yn Harns om dêr in keunsthannel te begjinnen. Syn soan Nicolaas hie talint en waard úteinlik foaral bekend fan seegesichten.

Moaie oanfolling op samling

Foar it gemeentemuseum fan Harns is it in prachtige oanfolling op de kolleksje. De tekeningen binne net allinne troch in Harnzer makke, se litte ek beide Harns sjen.
Gemeentemuseum Het Hannemahuis yn Harns
Gemeentemuseum Het Hannemahuis yn Harns © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It wintergesicht lit reedriders en in bakslide op de Bûtenhaven sjen. Links is de Noarderhaven mei de 'Hoge Tinne', dêr't beneden in kofjehûs wie en dêrboppe keamers te hier wiene. Hjoed-de-dei leit hotel Zeezicht op dit plak.
It grutte gebou rjochts is de 'Leeuwenburg', dêr wie it administrative sintrum fan de Admiraliteit yn Fryslân fêstige. Op dit plak sit no restaurant 't Havenmantsje. Yn 'e midden is in trochkyk nei de Suderhaven.
De tekening fan de mûning fan de Harnzer haven by rûch waar yn 1784
De tekening fan de mûning fan de Harnzer haven by rûch waar yn 1784 © Kolleksje Hannemahuis
Op de oare tekening fan de mûning fan de haven fart in beurtskip binnen. Links en rjochts binne wachthúskes te sjen foar de passazjiers. Op de eftergrûn stiet de 'Havenpoort' en it gebou 'Leeuwenburg' en rjochts is de fjoertoer ôfbylde.