Fotodoeken ferlosse De Gordyk fan tryst oansjoch fan ynstoarten gebou

Dit fotodoek moat it oansjoch wat moaier meitsje
Dit fotodoek moat it oansjoch wat moaier meitsje © Omrop Fryslân
It is alwer hast in jier lyn dat der twa huzen ôfbaarnden oan de Tsjerkewâl op De Gordyk. Yn de tuskentiid is der neat oan it gebou dien en dus stiet alles der noch hieltyd ôfbaarnd en ynstoarten by. Dat moat oars, fine ynwenners fan it doarp.
De broers Bauke en Berend Posthumus wienen klear mei it tryste oansjoch. Se hawwe dêrom twa grutte skermen delset mei âlde foto's fan de strjitte derop.

Gevel delhelle en stekken op stoepe

Nei de brân, tusken de krystdagen en âld en nij ferline jier, hat de gemeente gau de gevel nei ûnderen helle. Der ûntstie nammentlik in gefaarlike situaasje: de gevel koe op strjitte falle.
Koarte tiid dêrnei binne der stekken om it pân pleatst. Dat wie net ideaal: it waard lestich om oer de stoepe te rinnen en de jeugd hong der wol gauris yn om.
Fotodoeken toane De Gordyk fan eartiids en ferhulle ôfbrânde gebouwen
De gebouwen dy't ferlern gien binne, binne histoaryske pannen. De gemeenteried fan Opsterlân is fan betinken dat sokke gebouwen beskerme wurde moatte as ûnderdiel fan it kultureel-histoarysk erfgoed.
Der wurdt yn Opsterlân dêrom ek wurke oan in gemeentlike monumintelist. "Inmiddels is een inventarisatie gestart om in beeld te krijgen welke en hoeveel panden hiervoor in aanmerking komen", lit wurdfierder Koen Pennewaard witte. "Dit gaat volgens een globale toets. De gemeenteraad buigt zich in de loop van 2024 over de redengevende voorwaarden. We willen voorkomen dat eigenaren worden belemmerd om aanpassingen aan hun woningen te voldoen."
Sa seach it derút nei de brân
Sa seach it derút nei de brân © Omrop fryslan
De gemeente hat de eigeners fan de pannen opdroegen om de skea op te romjen, mar se hawwe dat noch net dien. De gemeente driget no mei it oplizzen fan in twangsom.
De aksje fan de broers kin yn elts gefal rekkenje op in protte stipe út it doarp. Se krije in soad positive reaksjes op de fotodoeken.