Aaikes yn de ‘kûveuze’: dit needplan moat de grutte fjoerflinter rêde

De mei útstjerren bedrige grutte fjoerflinter
De mei útstjerren bedrige grutte fjoerflinter © Shutterstock.com (aaltair)
Natuerbeskermers befeiligje kommende maitiid eltse rûp en elts aaike fan de grutte fjoerflinter dy't se fine. Dat dogge se yn de Rottige Meente en de Braandemeer, dêr't de soarte mei útstjerren bedrige wurdt.
Lanlik frege de Ecologische Autoriteit tiisdei al om in needplan foar de flintersoart. En dat plan stiet al yn de steigers.
Boskwachter ekology Bennie Henstra fan Steatsboskbehear
Boskwachter ekology Bennie Henstra fan Steatsboskbehear © Omrop Fryslân
De grutte fjoerflinter leit har aaikes op it hantsjeriis, 'waterzuring' yn it Nederlânsk. Dy plant komt hieltyd minder foar yn it leechfeangebiet. Dat komt trochdat de ferrûging fan de natuer sa rap ferrint.

Hantsjeriis nei de rânen ferdreaun

"We hebben de afgelopen jaren hele droge zomers gehad en ook weer behoorlijk natte najaren", seit boskwachter ekology Bennie Henstra fan Steatsboskbehear.
"Dat zorgt ervoor dat waterzuringplanten en het veen verdrogen en er verruiging plaatsvindt." Dêrtroch is de plant allinnich noch oan de rânen te finen fan lokaasjes dêr't it der earder fol mei stie.
It liket sa'n gewoan flinterke, mar hy is o sa seldsum
It liket sa'n gewoan flinterke, mar hy is o sa seldsum © Shutterstock.com (katyagorphoto)
"We hadden de afgelopen jaren nog rond de 250 vlinders, maar de soort gaat steeds verder onderuit en zit nu waarschijnlijk onder de honderd individuen", fertelt de boskwachter.
"Dit jaar en het afgelopen jaar zien we dat het dramatisch is. Het aantal eitjes dat gezocht en gevonden is bij een steekproef zijn waarschijnlijk door nog maar vijf vrouwtjes gelegd."

"Couveuse-staat"

Dus wurdt der in skepke boppe-op dien as it giet om de beskerming fan de soarte: "We hebben geld en middelen gekregen om extra aandacht aan die vlinder te geven. Die soort komt nu in een soort van couveuse-staat."
De grutte fjoerflinter
De grutte fjoerflinter © Shutterstock.com (Lidijazivic)
It moat wol, seit Henstra. "Waar we vroeger in het beheer gewoon ons ding konden doen en die soort zich wel redde, is het nu nodig om voor elk rupsje en eitje dat er is speciale aandacht te hebben zodat die populatie niet verder onderuit zakt en juist gaat groeien."
Natuergebieten dêr't de grutte fjoerflinter te finen wie
Natuergebieten dêr't de grutte fjoerflinter te finen wie © Omrop Fryslân
De grutte fjoerflinter is in typyske soart foar leechfeangebiet. De ûndersoart waard pas yn 1915 ûntdutsen. De flinter siet lang yn De Wieden, de Weerribben en de Rottige meente.
Yn De Wieden is er al ferdwûn, mar acht jier lyn fûn men de flinter ek om de Braandemeer (by Aldlemmer) hinne. Mar dêr is er dit jier al net mear sjoen en ek de populaasje yn de Rottige Meente stiet faai.