Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân yn brief oan minister: gjin gasboarrings by Ternaard

It Waad tusken Ternaard en It Amelân
It Waad tusken Ternaard en It Amelân © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Der moat gjin fergunning ôfjûn wurde foar gaswinning ûnder it Waad by Ternaard. Dat skriuwe de provinsjes Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân yn in brief oan ferantwurdlik minister Christianne van der Wal.
Yn de brief wurdt it kabinet mei klam oproppen om gjin fergunning ôf te jaan. De provinsjes wize dêrby benammen op it unike karakter fan de Waadsee.
Sy fiele harren ferantwurdlik foar de beskerming dêrfan. Ek binne se benaud dat de wrâlderfgoedstatus fan it gebied faai komt te stean as gaswinning troch de NAM tastien wurdt.

Wrâlderfgoedstatus

Dêr wurdt in oprop fan UNESCO by oanhelle. Dizze VN-organisaasje hat grutte soargen útsprutsen oer gaswinning yn it Waadgebiet yn in rapport oan dyselde minister Van der Wal. Dat rapport soarge earder al foar fragen yn Provinsjale Steaten.
De opstelling fan de provinsjes is net nij. De Fryske polityk hat earder al ris oanjûn gjin foarstanner te wêzen fan boarrings by Ternaard.
De NAM fynt dat it te lang duorret foar't it regear dúdlikheid jout oer harren fergunningsoanfraach foar gasboarrings by Ternaard. It bedriuw is dan ek nei de Ried fan Steat stapt. Op 10 jannewaris sil de saak dêr bepraat wurde.