Krystrapport fuotbal: "Hearrenfean te min punten, Cambuur in foldwaande"

Andor Faber en Roelof de Vries sjogge werom op de earste seizoenshelte
Andor Faber en Roelof de Vries sjogge werom op de earste seizoenshelte © Omrop Fryslân
It is winterstop, dat betsjut dat it fuotbalseizoen healweis is. Hoe sjocht it tuskenrapport fan sc Hearrenfean en Cambuur derút? Sportferslachjouwers Roelof de Vries en Andor Faber litte harren ljocht skine oer de twa klups.
De Vries folget beropsmjittich al sûnt 2010 de ferrjochtings fan sc Hearrenfean op 'e foet, wylst Faber al jierren syn fizier rjochte hat op SC Cambuur.
Wat is jimme algehiele yndruk fan de earste seizoenshelte?
"Hearrenfean hat te min punten helle", seit De Vries. "Mar der sit wol foarútgong yn it spul, dat moatte se de twadde seizoenshelte trochlûke."
By Hearrenfean wie der letter yn it seizoen mear te fieren
By Hearrenfean wie der letter yn it seizoen mear te fieren © Orange Pictures
Ek foar Cambuur slacht de tuskenbalâns oer nei de positive kant, sa docht bliken út de wurden fan Faber.
"Wat Cambuur yn de earste seizoenshelte sjen litten hat, krijt in sunige foldwaande. Se steane op in plak dat krekt wat te leech is ast sjochst nei harren spilersbegrutting. It spul is bytiden prima, it sil ferdigenjend echt stikken better moatte", seit Faber.

Trainers ûnder druk

Wa't de earste seizoenshelte ûnder de loep nimt, sjocht ferskate oerienkomsten tusken Hearrenfean en Cambuur.
Beide klups begûnen aardich oan de kompetysje, mar it duorre net lang foardat de kladde deryn kaam. Nei in rige ferliespartijen kaam likegoed yn Ljouwert as op It Hearrenfean de trainer ûnder druk te stean.
By Cambuur late dat ta it ûntslach fan Sjors Ultee, by Hearrefean slagge Kees van Wonderen deryn de sportive krisis te oerlibjen.
Andor, wat fynsto fan it ûntslach fan Ultee?
"Dat kaam te betiid. Yn myn optyk hie Ultee mear tiid krije moatten. Mar ja, je witte dat Cambuur in emosjonele klup is."
By Hearrenfean nimme se rasjonele besluten en by Cambuur emosjonele.
Sportferslachjouwer Andor Faber
"It kontrast is wat dat oanbelanget grut", gaat Faber fierder. "By Hearrenfean nimme se rasjonele besluten en by Cambuur emosjonele. Van Wonderen mocht sitten bliuwe nei sân wedstriden sûnder winst, wylst Ultee der nei trije ferliespartijen út fleach."
Sjors Ultee krige dien by Cambuur
Sjors Ultee krige dien by Cambuur © Dijks Media
Net terjochte, fynt Faber: "De statistiken lieten sjen dat Ultee it hielendal net sa min die. Ik soe him noch in pear wedstriden ekstra de kâns jûn hawwe. Mar it feit dat der mei Henk de Jong noch in trainer ûnder kontrakt stie en dat De Jong yn Ljouwert in soarte fan god is foar de fans, makke it al op foarhân in drege put foar Ultee."
Kees van Wonderen mocht oanbliuwe as trainer. Fûnsto dat terjochte, Roelof?
"Dat fyn ik terjochte, ja. Ik tink dat Van Wonderen in goeie trainer is. Ik ha my ergere oan de krityk. En noch mear oan de wite bûsdoekjes en de 'Keessie rot op'-ferskes op de tribune."
Nei de minne rige ferbetteren de resultaten. Hearrenfean klom sels nei it linkerrychje yn de earedivyzje.

Tuskenstân yn de earedivyzje

Klup Wedstriden Winst Gelyk Ferlies Punten Doelsaldo
7. Sparta Rotterdam 16 6 4 6 22 0
8. NEC 16 5 6 5 21 +3
9. sc Hearrenfean 16 6 1 9 19 -6
10. Fortuna Sittard 16 5 4 7 19 -11
11. PEC Zwolle 16 5 3 8 18 -5
Roelof, de útslaggen wienen better, mar is it spul fan Hearrenfean ek echt better wurden?
"Jawis, al soest dat op basis fan de lêste wedstriden dan wer net sizze." Hearrenfean ferlear yn eigen hûs mei 1-2 fan FC Volendam en foar de beker mei 1-0 fan de nûmer lêst Vitesse.
"Ik fyn dat Van Wonderen wol hiel konservatyf is mei syn wiksels by in efterstân. Tsjin Volendam wie it hiel dúdlik dat Hearrenfean net winne soe, as it op deselde wize trochspylje bleau. En tsjin Vitesse fûn ik se hiel berêstend. Yrritant eins. "
Hoe sit dat by Cambuur, Andor? Wie it spul better mei Henk de Jong oan it roer?
"De grutste krityk oan Ultee wie dat er te folle tsjingoals krige. Dêr hat Henk de Jong wol wat ferbettering yn oanbrocht, al krijt Cambuur noch altyd te folle tsjingoals."
Roberts Uldrikis fleurde op by Cambuur ûnder Henk de Jong
Roberts Uldrikis fleure op by Cambuur ûnder Henk de Jong © Dijks Media
"Ek fyn ik dat de fuotbalfyzje fan De Jong mear werkenber is as dy fan Ultee. Je witte no eksakt wat je krije as je Cambuur sjogge. Dat docht De Jong goed. Boppedat hat er spilers dy't ûnder Ultee yn de lytse loege sieten, sa as Léon Bergsma en Roberts Uldrikis, wer fertrouwen jûn wêrtroch't se opbloeiden."
Hokker spilers foelen yn positive sin op yn de earste seizoenshelte?
De Vries: "As je by Hearrenfean Sahraoui net neame, dan binne jo neffens my ek net goed. Ik fernuverje my deroer dat hy yn de lanlike media sa min neamd wurdt. Al sil dat ek te krijen ha mei syn rendemint. Hy moat noch wat mear skoare."
"Fierder fyn ik Sven van Beek fan ûnskatbere wearde. Syn kontrakt rint nei dit seizoen ôf, mar Hearrenfean moat der echt alles oan dwaan om him te hâlden. Al sil dat wol hiel dreech wurde."
As ik Cambuur wie, soe ik him gau fuort dwaan en it ferlies mar nimme. De rekôroankeap is beslist net wurden wat elkenien der ferline jier fan ferwachte hie.
Ferslachjouwer Andor Faber oer Silvester van der Water
"By Cambuur gean ik foar de man dy't we dit seizoen net mear werom sjogge: Gabi Caschili", seit Faber. "Hy kaam oer fan PEC Zwolle ôfrûne simmer en kaam op in posysje te spyljen dêr't er net in soad ûnderfining hie, nammentlik as rjochtsback.
Ast sjochst hoe't hy him ûntwikkele en hoe't er as in echte kûtebiter by oanfallers op 'e hûd siet, dat koe my wol bekoare. Mar ja, hy is swier blessearre en kin pas folgjend seizoen wer yn aksje komme."
En hokker spilers foelen ôf?
"Dan wol ik der eins twa neame, wêrby't ik ien ôfskriuw en ien noch in kâns jaan wol", seit Faber. "Dejinge dy't ik ôfskriuw, is Silvester van der Water. Dy hat yn de earste wedstriden syn stimpel net drukke kinnen, wat er ferline jier ek al net koe yn de earedivyzje."
"Boppedat hat der in akkefytsje plakhân nei de wedstriid yn Maastricht tsjin MVV, wêrtroch't Henk de Jong him út de seleksje setten hat. As ik Cambuur wie, soe ik him gau fuort dwaan en myn ferlies mar nimme. De rekôroankeap is beslist net wurden wat elkenien der ferline jier fan ferwachte hie."

Tuskenstân yn de Keuken Kampioen Divisie

Klup Wedstriden Winst Gelyk Ferlies Punten Doelsaldo
6. FC Grins 20 9 5 6 32 +12
7. FC Emmen 20 9 5 6 32 +3
8. SC Cambuur 20 9 4 7 31 +7
9. NAC Breda 20 9 4 7 31 +7
10. FC Eindhoven 20 7 9 4 30 +5
"In spiler dy't ek gjin yndruk op my makke, is Thomas Poll. Dy hat noch gjin goeie wedstriid foar Cambuur spile", stelt Faber.
"Mar hy is der ek noch net sa lang, dus litte we him de kâns noch mar jaan. Yn jannewaris mei er it sjen litte, as syn konkurrint Sekou Sylla ôfwêzich is fanwege de Afrika Cup."
"Wat Hearrenfean oanbelanget, sjoch ik nei de rjochtsbackposysje", seit De Vries. "Want Hussein Ali is net goed genôch en Denzel Hall falt echt ôf. En keeper Andries Noppert gong fan 'hero' nei 'zero', mar ik bin derfan oertsjûge dat dy der no wer is."
Wat binne jimme ferwachtings foar nei de winterstop?
Faber: "Ik tink dat Cambuur meidwaan kin om promoasje, mar allinnich fia de neikompetysje. De top twa is te fier út it sicht, dus streekrjocht nei de earedivyzje, sil him net wurde. Yn de neikompetysje kinne nuvere dingen barre, dus dan kin de earedivyzje samar deunby komme."
De Vries: "Ik ha eins hege ferwachtings oer Hearrenfean. Kwa spilersbudzjet is in njoggende plak hiel normaal, mar no't Vitesse en Utrecht ôffalle en NEC ek noch net geweldich is, moat Hearrenfean wol by de earste sân einigje kinne. Earste seis kin ek. Mar ja, dan moat it wol better as de lêste twa wedstriden. En as Ajax min fuotbaljen bliuwt, kinne se sels de top-5 oanfalle. Mei dit materiaal moat dat kinne."