KAART: hoefolle jongelju wenje yn dyn gemeente noch thús?

Wenten drone
Ofbylding ta yllustraasje © Omrop Fryslân
In hieltyd grutter part fan de jongfolwoeksenen wennet yn Fryslân noch by harren âlden. Yn 2003 gie it om 30 persint fan de jongerein tusken de 20 en 30 jier, yn 2023 wennet 40 persint fan dy groep noch thús.
Foaral fan 2010 ôf nimt it persintaazje thúswenjenden ta, litte de sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) sjen.
Der binne yn Fryslân dit jier yn totaal sân gemeenten dêr't mear as de helte fan de jongfolwoeksenen noch thús wennet.
De gemeente dêr't yn ferhâlding de measte jongfolwoeksenen noch thús wenje is Dantumadiel. Dêr hat 55 prosint fan de ynwenners tusken de 20 en 30 jier it âlderlik hûs noch net ferlitten.
Sjoch hjirûnder hoefolle jongfolwoeksenen yn dyn gemeente thús wenje: