It sportjier 2023: Bakker en De Vries ûntfange Fryske sporters yn it kafee

Andries Bakker en Roelof de Vries
Andries Bakker en Roelof de Vries © Omrop Fryslân
It is de tiid fan it weromsjen en dat docht Omrop Fryslân sneon mei ferskate Fryske sporters. Yn it Omropkafee ûntfange Andries Bakker en Roelof de Vries ûnder oare keatser Taeke Triemstra, roeister Ymkje Clevering, para-atleet Joël de Jong en Cambuurtrainer Henk de Jong.
It binne allegearre minsken út de Fryske sportwrâld mei in bysûnder ferhaal. Dat jildt ek foar heechspringer Douwe Amels, paraswimster Liesette Bruinsma, reedrydster Femke Kok, roeier Jan van der Bij en reedrydcoach Jillert Anema. Ek sy sitte yn it programma.
Mei de twa presintatoaren sjogge we alfêst foarút op 'Sportkafee Bakker & De Vries' en sels fertelle se ek wat harren Fryske sportmomint fan it jier wie.
Wat kinne we ferwachtsje?
Andries Bakker: "It wurde trije noflike oerkes wêryn't we in tal Fryske sporters yn it sintsje sette. Allegear ha se it ôfrûne jier topprestaasjes levere en we sjogge dêr mei harren op werom."
Taeke Triemstra waard dit jier de suksesfolste keatser oait, hy skoot oan by Bakker en De Vries
Taeke Triemstra waard dit jier de suksesfolste keatser oait, hy skoot oan by Bakker en De Vries © Dijks Fotografie
Roelof de Vries: "De sporters sitte by ús oan tafel. We wolle graach ris wat langer sitte mei guon sporters om harren te ferhaal te hearren. Sa komst wat better mei se yn de kunde."
'Sportkafee Bakker & De Vries' wurdt sneon 30 desimber fan 9.00 oant 12.00 oere útstjoerd yn de Omrop-app, op omropfryslan.nl en op radio en telefyzje. Nei de tiid is it programma werom te sjen.
Andries: "Fansels sjogge we ek nei de takomst. Foar guon gasten komme de Olympyske Spelen yn Parys deroan. Hoe riede se har dêrop ta? Of wurdt it in toer om harren dêrfoar te pleatsen? Mar de leafde foar de sport stiet sintraal yn Sportkafé Bakker en De Vries. Tipke fan de sluier: yn it lêste oere wurdt noch wat bysûnders dien."
Wat wolst graach fan de sporters witte?
Roelof: "In hiel soad, mar ik wol benijd nei de kombinaasje Jan van der Bij en Ymkje Clevering."
Roeiers Ymkje Clevering en Jan van der Bij komme ek del yn it kafee
Roeiers Ymkje Clevering en Jan van der Bij komme ek del yn it kafee © Omrop Fryslân
"Twa roeiers en Clevering is de earste Fryske wrâldkampioen roeien. Van der Bij wûn sulver mei de Holland Acht. In moaie keardel, goeie prater en yn kombinaasje mei Clevering kin dat wolris in leuk petear wurde. Foaral ek omdat in soad dizze twa net goed kenne."
Andries: "Ik wol graach witte hoe't se har sa fokusje kinne dat se de topprestasjes leverje op in momint dat it moat. Dêr komt safolle stress by sjen. As foarbyld nim ik heechspringer Douwe Amels. Hy is al jierren de bêste fan Nederlân, mar ynternasjonaal hie er it bêst dreech. Net pleatse foar de Olympyske Spelen fan Tokio 2021 bygelyks."
Dat is it moaie oan sport: in atleet leveret in topprestaasje wylst elkenien tinkt dat it net mear gebeure sil.
Andries Bakker
"Op in momint dat er 31 is en datst tinkst dat syn bêste jierren efter him lizze, komt er mei 2.31 meter op de proppen yn Istanboel by it EK Indoor, yn maart fan dit jier. Dêrmei wurdt er Europeesk kampioen, as earste Nederlânske heechspringer ea.
Dat is it moaie oan sport: in atleet leveret in topprestaasje wylst elkenien tinkt dat it net mear gebeure sil. Hoe is Douwe Amels mentaal sa sterk bleaun? Dat sil ik him freegje."
Wat wie dyn sportmomint fan it jier?
Andries: "De wrâldtitel fan Ymkje Clevering yn de twa-sûnder, dan ha we it fansels oer roeien. Al in pear kear hie se mei har partner Veronique Meester in sulveren medalje wûn en yn septimber wie it rekke: de wrâldtitel yn Belgrado."
As je op sa'n ûnderdiel in Europeeske titel pakke kinne, dan binne je in hiele grutte.
Roelof de Vries oer Douwe Amels
Roelof: "Ik moat tajaan dat ik efkes neitinke moast. Ik twivele oer it goud fan Femke Kok, de wrâldtitel fan Clevering en it goud op de massastart fan Marijke Groenewoud. Mar ik gean foar de Europeeske titel fan Douwe Amels. As je op sa'n ûnderdiel in Europeeske titel pakke kinne, dan binne je in hiele grutte."
Douwe Amels fiert syn Europeeske heechspringtitel
Douwe Amels fiert syn Europeeske heechspringtitel © ANP
Andries: "Nasjonaal fûn ik ek de lânstitel fan de froulju fan VC Snits moai. Oan it begjin fan it seizoen heakke de nije coach Vera Koenen ôf, omdat se de seleksje net kampioensweardich fûn. Uteinlik pakten de froulju mei Harry van den Brink as coach dochs de nasjonale titel. Dat fyn ik prachtich."
Wêr sjochst it measte nei út takom jier?
Roelof: "De Olympyske Spelen. Dat is sa'n moai toernoai. It moaiste toernoai dat der is. Dêr komt alles by elkoar. Pakt Marit Bouwmeester wer goud? Kin Marrit Steenbergen in medalje pakke? Mei Spitse eindelik nei de Spelen?"
Andries: "Fansels de Olympyske Spelen! Hoe dogge Ymkje Clevering en Jan van der Bij it dêr? As se har pleatse fansels. De boaten binne al wis, de roeiers moatte har noch bewize. Mar ek: pleatst Douwe Amels him no wol? En sa binne der mear Friezen dy't mooglik meidwaan meie. In soad om nei út te sjen!"
Roelof: "En fierder: Hearrenfean giet Europa yn en Cambuur promovearret. Ek leuk."