Van der Hart wer ûnder de latte by Hearrenfean yn bekerwedstriid tsjin Vitesse

Mickey van der Hart yn it earste bekerduel tsjin VVV Venlo
Mickey van der Hart yn it earste bekerduel tsjin VVV Venlo © Orange Pictures
sc Hearrenfean begjint yn it bekerduel tsjin Vitesse mei Mickey van der Hart as doelman. De keeper ferfangt Andries Noppert, omdat trainer Kees van Wonderen de twadde keeper wol perspektyf jaan wol.
"We deden het ook met Noppert in Deventer. Je moet zulke jongens wel perspectief geven", seit hy.
Hearrenfean spilet tongersdeitejûn foar de twadde kear dit seizoen yn Arnhem tsjin Vitesse. Earder dit seizoen wûn Hearrenfean foar de kompetysje al mei 1-3. Dêrnei stapte trainer Philp Cocu op.
Yntusken hat Edward Sturing it by de Arnhemmers oernaam as ynterim-haadtrainer. Vitesse ferlear snein mei 5-0 fan Almere City en stiet lêste yn de kompetysje. Hearrenfean ferlear sneontejûn fan de ploech dy't foarlêst stiet. FC Volendam wûn troch hiel ferdigenjend te spyljen mei 1-2 yn it Abe Lenstra Stadion.

Wer fuotbalje tsjin in muorre?

Ferwachtet Van Wonderen dat Hearrenfean tongersdeitejûn wer tsjin in muorre spyle moat?
"Eigenlijk kun je daar niet zoveel over zeggen. Omdat ze nu ook een nieuwe trainer hebben. Het is moeilijk inschatten. Ze kunnen compacter gaan spelen, maar ze kunnen ook de lijn doortrekken met 4-3-3 zoals Sturing vaak doet."
Van Wonderen: "De nederlaag tegen Volendam kwam wel hard aan"
De nederlaach tsjin Volendam yn it eigen stadion kaam sneontejûn wol hurd oan. "Die was zuur. Die kwam wel even aan. Het werkt altijd even door. Vooral na zo'n thuisnederlaag tegen Volendam."
De nederlaach wie net allinnich ferrassend omdat Volendam op dat stuit de nûmer lêst fan de kompetysje wie. Ek wie Hearrenfean sels krekt dwaande mei in goeie rige. De ploech fuotballe de lêste wiken hieltyd better.
Dochs hat Van Wonderen net it gefoel dat er him no soargen meitsje moat. "Dat gevoel heb ik niet. Als je kijkt naar de wedstrijd, dan kun je zeggen dat we er alles aangedaan hebben. Het lukte Feyenoord maar net ver in blessuretijd en het lukte ons niet. Tja, dat is ook voetbal."
De wedstriid Vitesse - sc Hearrenfean is tongersdeitejûn streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân Radio. Fia dizze webside of app en op de radio op 92.2FM. It kommentaar komt fan Roelof de Vries.
Van Wonderen hat krekt as tsjin Volendam wer de beskikking oer in folslein fitte seleksje. Dat betsjut lykwols net dat alle spilers fit genôch binne om yn de basis te begjinnen. Ion Nicolaescu, Pawel Bochniewicz en Patrik Wålemark kinne net in folsleine wedstriid spylje.
"We hebben wel wat klachten. En er zijn ook twee anderen bijgekomen die wat klachten hebben na de wedstrijd tegen Volendam. Wie? Nou, dat hoef ik niet te zeggen."