Liveblog | 20 desimber 2023

112-nijs 20 desimber: Plysjeburo De Jouwer slút foar publyk | Persoan ferwûne by botsing Surhuzum

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 20 desimber 2023, 21:25
21:25

Persoan ferwûne by botsing Surhuzum

Op de N358 by Surhuzum binne woansdeitejûn in buske en in auto mei-inoar yn botsing kaam. It buske is dêrby yn de sleat bedarre.
Ien fan de bestjoerders rekke ferwûne.
Buske yn 'e sleat
Buske yn 'e sleat © SRFotografie
18:15

KNMI kundiget koade giel ôf fanwegen hurde wyn

It KNMI hat foar tongersdei en freedtemoarn it koade giel ôfkundige. De warskôging jildt yn ferbân mei swiere wynstjitten fan 75-90 km de oere. By de kust del kin dit sels oprinne oant 100-110 km de oere.
Koade giel jildt yn Fryslân fan tongersdei 09.00 oant freed 12.00 oere.
15:08

Plysjeburo De Jouwer ticht foar publyk

It plysjeburo op De Jouwer (politiebureau, Joure)
It plysjeburo op De Jouwer © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It plysjeburo oan de Geert Knolweg op De Jouwer is tenei net mear tagonklik foar publyk. Neffens de plysje wie der al langer net in soad flecht op 'e koai. Plysjes bliuwe wol op it buro om harren wurk troch te setten, mar de publyksfunksje fan it buro ferfalt.
In protte saken binne tsjintwurdich al net mear bûn oan in gebou, seit Cor Reijenga, teamsjef fan basisteam Snits. "Doordat we veel digitaal kunnen doen, is het niet meer nodig om bijvoorbeeld de servicebalie van bureau Joure open te houden."
13:01

Noardeast-Fryslân leit strjitdealer út Ljouwert straf op

Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân hat in 'lêst ûnder twangsomme' oplein oan in ynwenner fan de gemeente Ljouwert. Dizze persoan hannele yn Dokkum op in iepenbier plak yn drugs.
It oplizzen betsjut dat as de fertochte op 'e nij pakt wurdt foar strjithannel, de gemeente in boete fan 5.000 euro oplizze kin. Sa'n lêst ûnder twangsomme mei in gemeente ek oplizze oan in ynwenner fan in oare gemeente.
De plysje konstatearre dat de persoan yn septimber op de Stasjonswei yn Dokkum yn drugs hannele. De belutsen persoan is doe net oanholden, mar wol as fertochte fan hannel yn harddrugs oanmurken.
By de belutsene waarden twa telefoans en in flink jildbedrach oantroffen. De telefoans binne yn beslach nommen en trochsocht. It die bliken dat de persoan nei ferskate adressen stjoerd waard, wêrûnder ek lokaasjes dy't by de plysje bekend binne fanwegen drugshannel. Tsjûgen joegen ek oan dat de persoan yn drugs hannele. Dy hannel fûn al lange tiid plak.
12:47

Elektroanika stellen út auto yn Drachten

De plysje makket melding fan in ynbraak yn in auto op it Grasland yn Drachten. Dat barde ôfrûne nacht. Der is elektroanika meinaam út de auto. Wa't wat sjoen hat, wurdt frege om kontakt op te nimmen mei de plysje.
12:23

Doeksen skrast tongersdei fearboaten fanwegen it waar

In fearboat fan Doeksen yn earder stoarmwaar
In fearboat fan Doeksen yn earder stoarmwaar © CAMJO media
Yn ferbân mei it hege wetter en de hurde wyn dy't tongersdei ferwachte wurde, lit Rederij Doeksen ferskate fearboaten ferfalle. Tusken Harns en Flylân giet it om fjouwer fearboaten en tusken Harns en Skylge om twa fearboaten. De krekte tiden binne op de webside fan Doeksen te finen.
De passazjiers dy't al in oertocht boekt hiene, wurde troch Doeksen op 'e hichte brocht.