It duel moast iepenbrutsen wurde, mar Cambuur is tefreden: "Dit jout power"

Spilers fan SC Cambuur
Spilers fan SC Cambuur © Dijks Media
SC Cambuur sit tongersdei yn de koker as der lotte wurdt foar de achtste finales fan it KNVB-bekertoernoai. Dat wie it doel, en dus is trainer Henk de Jong bliid.
FC Dordrecht waard mei 0-3 ferslein, wylst de Ljouwerters yn de kompetysje noch mei 5-2 fan dy ploech ferlearen.
"Ik bin hiel tefreden. It wie in drege wedstriid mei in goed fuotbaljend Dordrecht en in dreech bespylber fjild. Wy spylje altyd op keunstgers, dus sy wiene wol wat yn it foardiel."

Drege earste helte

Yn de earste helte slagge it noch net foldwaande om der goed út te kommen. Cambuur liet him te maklik fêstsette en it omskeakeljen gie ek dreech.
Henk de Jong jout oanwizingen
Henk de Jong jout oanwizingen © Dijks Media
"Sy hawwe fansels ek in goed fuotbaljende ploech", seit De Jong oer FC Dordrecht. "Sy hawwe der ek de spilers foar. Sy binne fluch en linich. Dan is it bêst dreech foar ús. Echt hiele grutte kânsen hawwe wy neffens my net fuortjûn. Mar je steane wol mei 1-0 foar en dêrom hawwe wy derfoar keazen om it de twadde helte wat oars te dwaan."
"Yn de rêst hawwe wy ek sein: as wy no kompakter spylje, mear op de counter, dan krije wy mear kânsen." En dat die fertuten, konkludearret De Jong. "Dit jout wol power, ek yn it werstel. As je hjir ferlieze, dan fernimme je dat ek."
Remco Balk
Remco Balk © Dijks Media
Oanfaller Remco Balk wie ferantwurdlik foar ien fan de doelpunten. "Ik schrok er zelf een beetje van. Ik denk: huh, gaat-ie er nu in? Maar gelukkig, we staan 1-0 voor. Lekker", seit er.
De wedstriid moast wol echt iepenbrutsen wurde, foar syn gefoel. "Beide ploegen hadden weinig kansen in de eerste helft. Het was een moeilijk veld, al is dat natuurlijk geen excuus. Maar in de tweede helft hebben we het gelukkig goed afgemaakt."
Balk hie mei twa assists en ien doelpunt in geweldige wedstriid. "Bij alle doelpunten betrokken, dus een goede avond voor mij."
Wa't de folgjende tsjinstanner fan Cambuur wurdt yn de KNVB-beker, wurdt tongersdei bepaald. Dan wurdt der lotte foar de achtste finales.