LWD Basket útskeakele yn bekertoernoai tsjin Feyenoord

LWD Basket útskeakele yn bekertoernoai
LWD Basket útskeakele yn bekertoernoai © DijksMedia
LWD Basket is útskeakele yn de Basketball Cup. Yn de twadde kwartfinalewedstriid wûnen de Ljouwerters mei 86-85 fan Feyenoord út Rotterdam. Mar dat wie net genôch om troch te kinnen.
De ploech út Ljouwert hie in winst mei 6 punten ferskil nedich om in ronde troch te gean. Ofrûne wedstriid ferlearen se mei 83-77 fan de Rotterdammers.
It wie spannend, de Ljouwerters liken in pear kear útrinne te kinnen, mar Feyenoord kaam faak werom binnen dy seis-puntemarzje. Yn it fjirde kwart kaam Feyenoord sels hiel rap werom. Earst kamen de ploegen lyk te stean op 73-73. De Rotterdammers giene doe al gau oer de Ljouwerters hinne.
LWD Basket kaam noch in bytsje werom yn de slotfaze oant 86-85, mar dat wie net genôch om troch te gean nei de heale finale.
Yn de kompetysje hat LWD basket ek noch net in soad sukses: fan de tsien wedstriden waard der mar ien wûn.