Cambuur ronde fierder yn bekertoernoai nei winst yn Dordrecht

Uldrikis en Van Kaam fiere feest mei de supporters fan Cambuur
Uldrikis en Van Kaam fiere feest mei de supporters fan Cambuur © DijksMedia
SC Cambuur hat him pleatst foar de achtste finales fan de KNVB Beker. De Ljouwerters wûnen mei 0-3 op besite by kompetysjegenoat FC Dordrecht.
It wie in moeting tusken Cambuurtrainer Henk de Jong en syn eardere assistint Pascal Bosschaart. De twa wurken lang suksesfol tegearre, mar stiene jûn foar inoar oer.
Opstelling SC Cambuur: Van Osch; Tol, Smand, Bergsma, Sylla; Van Kaam, Van Mullem, De Jong; Balk, Uldrikis, Smit
De wedstriid begûn rêstich sûnder grutte kânsen. It earste wichtige momint wie doe't Dordrecht nei in kertier út need wikselje moast. Ferdigener Elso Brito rekke blessearre nei in duel mei Roberts Uldrikis en koe net fierder spylje.

Foarsprong foar Cambuur

Nei sa'n 25 minuten kaam Cambuur op in 0-1 foarsprong troch in fantastyske goal fan Remco Balk. Fedde de Jong draaide him goed frij op it middenfjild en joech de bal oan Balk. Hy skeat de bal fan de sydkant fan it fjild ôf oer de keeper hinne. It like in foarset, dy't der samar yn fleach.
Oan de ein fan de earste helte waard Dordrecht hieltyd sterker. Krekt foar it skoft krige Dordrecht noch in grutte kâns. Yannick van Osch hie in fantastyske refleks op in skot fan Shiloh 't Zand. Dêrtroch giene de ploegen mei in 0-1 tuskenstân it skoft yn.
Spilers fan Cambuur fiere de goal fan Remco Balk
Spilers fan Cambuur fiere de goal fan Remco Balk © DijksMedia
Nei it skoft wie it wer 't Zand mei in kâns foar Dordrecht. Van Osch pakte syn frije traap.
Nei in lyts oere kaam Cambuur op 0-2 foarsprong. Remco Balk lei de bal goed foar op Roberts Uldrikis. De spits skeat de bal troch de skonken fan Dordrecht-keeper Trevor Doornbusch hinne yn de goal.

Kânsen oan beide kanten

Balk krige in pear minuten nei de twadde goal in grutte kâns om de tredde te meitsjen, mar hy skeat op de peal. Ek Dordrecht waard gefaarlik: Sebaoui skeat krekt foar de goal fan Van Osch del.
Dordrecht gie oan de ein fan de wedstriid mei man en macht op syk nei de oanslutingstreffer, mar it wie Cambuur dat de tredde goal fan de wedstriid makke. Yn de tachtichste minút sette Van Kaam Cambuur op 0-3. Hy liet keeper Doornbusch kânsleas mei in goed skot.
Cambuur pleatst him mei de winst foar de achtste finales fan de KNVB Beker. It lotsjen dêrfoar hat tongersdeitejûn plak.