DNA-match liedt ta oanhâlding fan Roemeen dy't op plysjes ynried op It Hearrenfean

In oare ynsitter fan de auto waard yn 2013 oppakt
In oare ynsitter fan de auto waard yn 2013 oppakt © ANP
Der is in 46-jierrige Roemeenske man oanholden foar it ynriden op plysjeminsken op It Hearrenfean. It ynsidint barde goed tsien jier lyn. Dat der no in trochbraak is yn de saak, hat te krijen mei in DNA-match, dat meldt it Iepenbier Ministearje.
By in kontrôle op in bedriuweterrein op It Hearrenfean op 3 augustus 2013 soe de man op twa plysje-aginten ynriden hawwe. De plysjes fielden har slim bedrige en skeaten op de auto. Sy fjurren yn elts gefal fjouwer kûgels ôf. Der folge in klopjacht fan inkelde oeren.
Nei it ynsidint waarden twa oare Roemenen oanholden, mar it die bliken dat dy de auto net bestjoerd hiene. De saak tsjin dy twa mannen is dêrom seponearre.

Bloedspoaren

Nei it ynsidint ferdwûn de man en wie er lange tiid spoarleas. Syn auto waard oantroffen op de Zanden op It Hearrenfean. De Roemeenske fertochte koe úteinlik trasearre wurde troch in DNA-match; der waarden bloedspoaren fan him fûn yn de auto. De fertochte siet fêst yn eigen lân foardat er oerlevere waard oan Nederlân.
De Roemeenske man wurdt tongersdei 21 desimber 2023 oan de rjochter-kommissaris foarlaat en sil him op 12 maart 2024 ferantwurdzje moatte by de rjochtbank yn Ljouwert.