Deputearre De Vries: "Nederlân is no eins ferplichte om de Lelyline oan te lizzen"

Nije kaart Lelyline lelylijn Dútslân, Grinslân, Fryslân, Flevolân april 2023
Nije kaart Lelyline lelylijn Dútslân, Grinslân, Fryslân, Flevolân april 2023 © Omrop Fryslân
No't de Lelyline definityf op de Europeeske TEN-T spoarkaart stiet kin Nederlân der net mear ûnderút om de flugge spoarline fan Lelystêd nei It Hearrenfean, Drachten en Grins oan te lizzen. Dat seit deputearre Matthijs de Vries.
De Europeeske transportried hat yn de nacht fan moandei op tiisdei besletten om de Lelyline as wichtige spoarferbining foar de takomst definityf op de Europeeske spoarkaart te setten.
De Lelyline stiet op de kaart as flugge takomstige spoarferbining fan Lelystêd oer It Hearrenfean, Drachten en Grins nei Hamburg yn Dútslân en soe der uterlik yn 2050 lizze moatte.
It saneamde TEN-T-netwurk bestiet út ferbiningen fan ynternasjonaal belang.
De spoarlinen binne yndield yn trije kategoryen; in kearnnetwurk fan Europeeske haadtransportlinen tusken grutte stêden, in wiidweidich HSL-netwurk fan flugge spoarlinen dy't yn 2040 klear wêze moat en in oanfoljend comprehensive netwurk fan spoarlinen dy't der yn 2050 lizze moatte. De Lelyline is foarearst yn de lêste kategoary yndield.
De ferbinings moatte, wolle se kâns meitsje op finansjele stipe út Brussel, wol oan ferskate easken foldwaan. De spoarlinen moatte duorsum wêze en in minimumgong helje.
Treinen moatte sûnder problemen oer de steatsgrinzen ride kinne. Boppedat moatte nije spoarlinen ek brûkt wurde kinne foar militêre transporten yn it gefal dat it nedich is.
Matthijs de Vries CU
Deputearre Matthijs de Vries © Omrop Fryslân, René Koster
De projektgroep Lelyline fan it Ryk en de belutsen provinsjes docht op dit stuit ûndersyk nei it meast optimale trasee en de kosten fan de spoarferbining en nimt dêrby alle Europeeske easken mei.

Puzel

Dat is neffens deputearre De Vries in aardige puzel. "Fryslân wol in flugge ferbining, mar ek in trein dy't stoppet op It Hearrenfean en Drachten. We moatte útsykje hoe't dat it bêste kin yn gearwurking mei Flevolân en Grinslân, want wy dogge dit mei-inoar."
De earstfolgjende útdaging foar de Lelyline is de finansiering fan de spoarline by de formaasje fan it nije kabinet. De Vries is dêr wol optimistysk oer. "Us ferhaal is goed bekend yn Den Haach. Steatssiktaris Vivianne Heijnen en ek Mark Rutte hawwe beide aktyf meidien oan de lobby foar de Lelyline."

Optimistysk oer nij koälysje-akkoart

It âlde, no demisjonêre kabinet fan VVD, D66, CDA en CU reservearre by de formaasje trije miljard foar de Lelyline. De Vries is der optimistysk oer dat de formearjende partijen fan it nije kabinet in ferfolchstap sette sille.
trein ns
In trein fan NS © Shutterstock (VanderWolf Images)
"De Lelyline is net mear frijbliuwend, it is no in opjefte dy't der leit. Ik bin der fan oertsjûge dat de Lelylijn yn it nije koälysje-akkoart komt, ek yn in kabinet mei de PVV."

Subsydzje

Steatssiktaris Vivianne Heijnen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat is fan miening dat de Lelyline in plakje fertsjinnet yn it saneamde extended kearnnetwurk fan TEN-T omdat je dan ek mear kâns meitsje op Europeeske subsydzje.
"Het akkoord in Brussel geeft ruimte om het netwerk voor nieuwe lijnen aan te passen. Dat biedt mogelijkheden voor de Lelylijn en daar ben ik blij mee. Het is ook passend voor een treinverbinding die nog gerealiseerd moet worden."
Heijnen hat ek geregeld oerlis mei har Dútse kollega oer de Lelyline, mar fielt har net frij om de ynhâld fan dy petearen te dielen. "Ik sjoch in posityf-krityske hâlding yn Dútslân", seit De Vries dêroer. "We moatte seker noch fierder mei út Dútse partners oan de slach."