Woudagemaal makket oeroeren: útsûnderlik soad draaidagen yn 2023

It Woudagemaal op De Lemmer
It Woudagemaal op De Lemmer © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Foar de tredde kear dit jier al wurdt it Woudagemaal op De Lemmer oanset. Dat is útsûnderlik faak: gemiddeld ien kear yn de tweintich jier wurdt it gemaal sa faak op stoom brocht.
Yn jannewaris stie it gemaal foar it earst oan dit jier en ek yn novimber draaide it Woudagemaal in skoft. Oant tiisdei hie it gemaal 15 draaidagen hân dit jier. Dat is al folle faker as gemiddeld: de ôfrûne jierren siet it tal draaidagen maksimaal op alve, dat wie yn 2012.
It wrâlderfgoed helpt mei om Fryslân te beskermjen tsjin oerstreamingen. Op it stuit is it wetterpeil noch leech genôch, mar de kommende dagen wurdt der in soad rein ferwachte. It Woudagemaal helpt mei om wetter út de Fryske boezem ôf te fieren nei de Iselmar.
De Fryske boezem is it oaniensletten stelsel fan kanalen en marren yn Fryslân.
It Ir. D.F. Woudagemaal út 1920 is it grutste noch wurkjende stoomgemaal yn de wrâld. It stiet al 25 jier op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO. It gemaal wurdt allinnich ynset as der in grutte kâns is op oerstreamingen yn Fryslân, want foar de betsjinning is in soad minskkrêft nedich.
Fan tongersdei ôf is it draaiende gemaal foar publyk te sjen.
It is hartstikke wiet, seit it Wetterskip, ek al sit it wetterpeil yn de Fryske boezem op it stuit op 'mar' 59 sintimeter ûnder NAP. Dat is net hiel heech, want it wetterskip stribbet nei 52 sintimeter.
Dochs giet it gemaal alfêst oan, omdat de saneamde 'spuimooglikheden' beheind binne: it Wetterskip kin net in soad wetter út marren, kanalen en fearten ôffiere nei de Lauwersmar. Dêr fersoarsaket de hurde wyn út it westen wei in hege wetterstân op sawol de Lauwersmar as de Waadsee.
Net allinnich it Woudagemaal wurdt oanset, ek it Hooglandgemaal yn Starum en de Heining by Marrum draaie op it stuit.