Teorykursus foar it keapjen fan in hûn? Ek gedrach is fan belang, sizze saakkundigen

Strauss, de hûn fan Trienke Tjepkema
Strauss, de hûn fan Trienke Tjepkema © Omrop Fryslân
In ferplichte (online) teorykursus foardat je in hûn keapje, dêr pleitet demisjonêr minister Piet Adema foar. It moat foar minder bytynsidinten soargje. Mar allinnich teory is net genôch, sizze saakkundigen.
Dêr hawwe de ôfrûne oardel jier sa'n hûndert slimme gefallen fan west. Bytynsidinten kinne neffens hûnegedrachspesjalist Trienke Tjepkema fan It Hearrenfean pas foarkaam wurde troch oan it gedrach fan de hûn te wurkjen.
Spesjalist Trienke Tjepkema is net perfoarst foar in ferplichte teorykursus foar it keapjen fan in hûn
Yn de ferplichte teorykursus leart in takomstich baaske om te gean mei in hûn. Ek wurdt der oandacht bestege oan watfoar hûneras der bygelyks by in persoan past, sa is it idee.
Adema wol dêrmei ympulsoankeapen foarkomme en derfoar soargje dat minsken it gedrach fan hûnen better snappe.

Grutbringe

Mar dat kin net allegearre yn in teorykursus, noch sûnder dat je de hûn echt hawwe. Dat fynt Tjepkema alteast. "Dat is it foartrajekt, mar dêrnei moast nei in hûneskoalle, in saakkundige op mêd fan gedrach, dy't dy begeliede kin yn it grutbringen fan dy hûn."
Dan nimme je mar in kavia, dat is ek leuk.
Trienke Tjepkema, hûnegedrachspesjalist
Minsken dy't net mei sa'n trainingsprogramma úteinsette wolle om oan it gedrach fan harren hûn te wurkjen, moatte neffens Tjepkema ek gjin hûn nimme. "Dan sis ik, dan nimme je mar in kavia, dat is ek leuk."
Hûnegedrachspesjalist Trienke Tjepkema
Hûnegedrachspesjalist Trienke Tjepkema © Omrop Fryslân
Neffens Tjepkema is gedrach oan te leren, wêrtroch't de kâns op in bytynsidint lytser wurd. De ferantwurdlikens leit dêrby by de minsk.
"It gedrach fan de hûn is de oarsaak fan de baas. Yn 99 persint fan de gefallen is dat gewoan sa. Minsken hawwe net troch dat sy bepaalde dingen dogge mei de hûn en dat soks liede kin tot bepaalde konflikten.

Rol fan rassen

Mar ek it ras fan de hûn spilet in rol: "Bepaalde rassen, lykas terriërs, hawwe net in goed ûntwikkele fermogen om harren oer te jaan."
Just dêr moatte minsken har neffens Tjepkema bewust fan wêze om dêrnei help te sykjen. Baaskes tinke faak te witten wat it probleem is, mar se komme der pas echt efter by in persoanlike oanpak mei in spesjalist.
Tjepkema en Strauss
Tjepkema en Strauss © Omrop Fryslân
Se hopet dat eltsenien mei in hûn nei in hûneskoalle giet: "Sadat minsken ynsjoch krije yn de learprosessen fan de hûn."

Gefaarlike hûnen ferbiede

Neist de ferplichte teorykursus, wol demisjonêr minister Adema fan Lânbou en Natuer ek ûnder mear it fokken fan bepaalde gefaarlike hûnen ferbiede, in lanlike bekbân- of oanlineplicht ynstelle foar biterige hûnen en hûnen rapper ôfmeitsje litte as de offisier fan justysje dat besletten hat.