De toan fan Froukje Sijtsma: "Underground foar de Fryske top 100"

Froukje Sijtsma
Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"It is wer de tiid fan it jier om te stimmen foar de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân. Do kinst nûmers út in list oanfinke, mar do meist ek sels ferskes yntsjinje. En dat woe ik dit jier mar ris besykje.
In Underground top 5 fan ferskes útkommen yn 2023 mei in link mei Fryslân.
Joost Klein - Friesenjung
It earste ferske is Friesenjung fan Joost Klein, de artyst dy't Nederlân fertsjintwurdigje sil by it Eurovisie Songfestival. Lang net foar eltsenien is bekend dat hy dit jier mei in bekende Dútske rapper in nûmer 1-hit skoarde yn Eastenryk en Dútslân mei Friesenjung.
De toan fan Froukje Sijtsma
Sample Text - Wobbelje
Rapper Sample Text brocht dizze hjerst syn rap Wobbelje út oer de lytse Gysbert Japicxpriis. Yn syn ferske fertelt er oer de bekende Fryske dichter út de 17e iuw en rapt er hoe bliid der is mei de dichtwedstriid foar skoalbern.
Raptiel - Doch ik it goed
Ik bliuw noch efkes by de Fryske rappers. Op sosjale media post Raptiel alle dagen komyske sketches oer Fryslân. Begjin takom jier stiet er mei syn eigen stand-up comedy show Fryske Daddy, op de planken fan Poppodium Neushoorn yn Ljouwert.
Raptiel brocht dit jier twa Frysk-Nederlânske raps út. Ferjit om te dûnsjen mei Iris Kroes stiet al yn de list. Mar it ferske Doch ik it goed noch net.
Dani Jellesma - Wa ek mar
Jong talint út Fryslân moat oanmoedige wurde. Dêrom binne dichtwedstriden en sjongfestivals foar jongelju ek sa belangryk. Dani Jellesma wûn dit jier SJONG, it festival foar jongelju. En dêrom fertsjinnet sy in plakje yn myn alternative top 5.
Minas Alali - Sa fier fuort
Wa't ek meidie oan SJONG is Minas Alali. In ferrassend optreden fan in jonge frou dy't sjongt yn it Frysk en it Arabysk op Arabyske muzyk. Ik set har yn myn top 5 om't ik hoopje dat se foaral trochgiet mei it kombinearjen fan talen en kultueren yn har muzyk.
Dit wie myn Underground top 5 foar de Fryske Top 100. Stimme op de Fryske Top 100 kin noch oant twadde krystdei. Dwaan dus!"