It mkb betellet takom jier definityf 30 persint mear wetterskipslêsten

It haadkantoar fan Wetterskip Fryslân
It haadkantoar fan Wetterskip Fryslân © Omrop Fryslân
Midden- en lytsbedriuwen yn Fryslân betelje takom jier definityf mear wetterskipslêsten. Op de gearkomste fan it bestjoer is dêr de lêste klap op jûn nei in rûzige begruttingsûnderhanneling.
De ûnderhannelingen oer de begrutting fan Wetterskip Fryslân soargen foar in soad opskuor. De lêsten wurdt alle jierren djoerder. Benammen by it mkb yn Fryslân falt de klap hurd.
De folsleine begrutting komt yn 2024 op sa'n 203 miljoen euro út. Dat is dit jier noch 175,8 miljoen.
De ekstra kosten wurde benammen makke troch de tanimmende kosten yn ûnderhâld, dy binne heger as earst tocht waard. Sa moatte de diken ferstevige wurde.
Dy kosten dêrfoar nimme flink ta fan 7 miljoen nei 10 miljoen de kilometer. It giet ûnder oare oer de dyk tusken Koehoal en Swarte Haan.
In bedriuw yn it mkb betellet yn 2024 yn trochsneed sa'n 1.089 euro, dat is 33 persint mear. Foar Sjoerd Galema fan it CDA reden om tsjin de lêsten te stimmen.

Unreedlik, fynt CDA

"It is in grutte ferheging, dy't net reedlik is," seit Galema oer de belestingtariven. "Wy woene dy taryfsferheging foarkomme. As je it ha oer bedraggen fan 30 persint, dan is dat net mear reedlik om fan minsken te freegjen."
Dêrneist fynt Galema dat de kosten net goed genôch besjoen binne. "Miskien moatte wy yn de kosten snije, mar dat komt net iens oan de oarder."
Sjoerd Galema (CDA)
Sjoerd Galema (CDA) © Omrop Fryslân
Egbert Berens fan de ChristenUnie is ek net bliid mei de ferheging. "Mijn zorgen liggen bij de mkb'ers die zoveel meer gaan betalen", seit hy by de gearkomste. "Hoever kun je gaan?"
Húshâldingen mei meardere persoanen wurde ek hurder troffen. Sy betelje 20 persint mear belesting en komme út op 506 euro. "Je vraagt je af of dat nog te doen is voor mensen", seit Henk Mulder fan PvdA.
Frank Jorna (VVD), fan it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân
Frank Jorna (VVD), fan it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân © Wetterskip Fryslân
Dochs stimme der 18 leden fan it algemiene bestjoer foar. Mar fjouwer politisy stimme tsjin mei de bestjoersgearkomste.
"As je de absolute oantallen sjogge dan falt in ferheging ta", seit Frank Jorna fan it deistich bestjoer. Hy is de portefúljehâlder foar de finânsjes. "Fansels is 30 persint heech foar de relative oantallen, mar wy ha gjin oare kar."

Lanlik fêstlein

"Je sjogge dat de útjeften heger wurde en de lêsten dus ek. Wy ha as wetterskip in belestingstelsel dat gewoan lanlik fêstlein is. It is net sa dat wy de ferheging wolle, mar lanlik wurdt dat oppakt. Der is in wettersysteembelesting en dy slaan wy om op de wearde fan ús bedriuwen, landerijen en huzen."
De ôfrûne jierren ha de boeren hieltyd mear betelle, dit kear komt de ferheging earne oars te lizzen.
Frank Jorna fan Wetterskip Fryslân
Troch de ynflaasje komt der in hege kostepost by it mkb út. "De ôfrûne jierren ha de boeren hieltyd mear betelle, dit kear komt de ferheging earne oars te lizzen."

De feroaring yn wetterskipslêsten

2024 2023 Ferskil
€ 368,89 € 303,02 21,7% Ienpersoanshúshâlden (eigen hûs)
€ 160,03 € 166,07 -3,6% Ienpersoanshúshâlden (hierhûs)
€ 506,81 € 420,30 20,6% Húshâlden mei mear persoanen (eigen hûs)
€ 297,95 € 283,35 5,2% Húshâlden mei mear persoanen (hierhûs)
€ 6.742,60 € 6.895,13 -2,2% Agrarysk bedriuw
€ 1.089,58 € 821,82 32,6% Mkb-bedriuw