Lampen Wynpark Fryslân lang om let út; fergunning foar radar is binnen

wynmûne
De reade lamp op in wynmûne © ANP
De lampen op de turbines fan Wynpark Fryslân binne tongersdeitejûn útset. Dat kin om't der in fergunning ôfjûn is foar it brûken fan in radar. Dy stiet op Koarnwertersân en kin fleantugen detektearje.
Oant no ta stiene de lampen oan de bûtenkant fan it wynpark, sa'n tritich yn totaal, de hiele tiid oan. Dat komt omdat wynturbines fan 150 meter of heger in saneamde 'obstakelverlichting' ha. Dy ferljochting makket de wynmûnes sichtber foar fleantúgen. Oerdeis gie it om wyt ljocht, jûns feroare dat yn read ljocht.
Sa giene de lampen út fan it wynpark
No't de radar in fergunning krigen hat fan it ministearje fan Ekonomyske Saken, kinne de lampen út. Se gean allinnich oan wannear't de radar, dy't 800.000 euro koste hat, fleantugen sjocht. Troch mei dy bewegingen oan te springen, moat ljochtfersmoarging tsjingien wurde.
Ek de lampen fan wynpark Nij Hiddum-Houw, op de kop fan de Ofslútdyk, gean ynkoarten út. Dêrby wurdt gebrûk makke fan in transpondersyteem. De turbines krije in ûntfanger, dy't de transponder fan in fleantúch werkenne kin. Wannear't dat it gefal is, skeakelet automatysk de ferljochting fan it wynpark yn.
It transpondersysteem wurdt op dit stuit oanmeld by de Rijksluchtvaartdienst. De ferwachting is dat de lampen fan Nij Hiddum-Houw healwei april nachts útkinne.
Direkteur Anne de Groot is der tongersdeitejûn spesjaal foar nei Breesândyk riden. Hy wol mei eigen eagen sjen oft it útsetten fan de lampen wurket sa as betocht. Hy stiet yn kontakt mei in technikus op ôfstân.
'Het systeem kan worden ingeschakeld' is de koarte meidieling fan De Groot nei de technikus. In pear sekonden letter wurdt it in stik tsjusterder oer de Iselmar. "Gelokkich mar, it wurket", laket de direkteur.
Wynpark Fryslân
Wynpark Fryslân © ANP
"It systeem is benammen bedoeld foar lytse fleantugen", leit De Groot út. " Grutte tastellen fleane heger dan 700 meter, dy wurde net sjoen troch de radar en hoege sels net warskôge te wurden foar de wynmûnen. Ik tink dat de lampen aanst njoggentich prosint fan de tiid útstean."

Koarnwertersân

De ynwenners fan Koarnwertersân, op sa'n seis kilometer ôfstân fan it wynpark, binne bliid mei de beslissing, seit Henderica Dijk fan doarpsbelang. "Ik fyn it fantastysk, benammen foar de sfear. Hoe tsjusterder we it ha op Koarnwertersân, hoe moaier ik it fyn."
Wynpark Fryslân makke ferline wike bekend dat se 20.000 oandielen útjouwe, dy't 500 euro it stik kostje. Allinnich ynwenners fan Fryslân kinne sa'n oandiel keapje.
Dêrmei wurdt nei eigen sizzen ien fan de beloftes by it begjin fan it wynpark, dat ynwenners fan Fryslân meiprofitearje moatte mei de opbringsten, wiermakke.
Dochs is it neffens Dijk ek net sa dat de lampen in hiel grutte ympakt ha op de ynwenners fan it doarpke. "Dat wie yn it begjin mear. Mar hoe langer dy dingen der stean, hoe mear se nei de achtergrûn ferdwine. Rekkest der ek oan wend, tink ik."
"It gie ús net om it feit dat dy lampen no perfoarst út moasten", ljochtet Dijk ta. "Yn 'e hûs, mei de gordinen ticht, hiest der sawysa net sa bot lêst fan. Mar dat it tsjuster wer in bytsje weromkomt, dêr binne we hiel wiis mei."