Dizze acht programma’s meisto net misse mei de feestdagen

Wolkom yn de Winter
Wolkom yn de Winter © Omrop Fryslân
Wolkom yn de winter. De programmearring fan Omrop Fryslân is mei de feestdagen ekstra sfearfol en sit fol prachtichs. Benijd nei de hichtepunten fan de winterprogrammearring? Wy sette se foar dy op in rychje.
Fryske top 100 wydw
Fryske top 100 wydw © Omrop Fryslân

Fryske top 100

Krekt as fan âlds, ek dit jier wer de Fryske top 100. Op twadde krystdei folgest live de finale stimdei mei Harm Weistra en Diana de Groot, tusken 13.00 en 18.00 oere. Bist benijd nei de list? Op âldjiersdei wurde tradisjoneel de 100 populêrste Fryske hits útstjoerd.
De Fryske top 100 is op âldjiersdei fan 07.00 oant en mei 18.00 oere te hearren by Omrop Fryslan.
Bartele Bûse wydw
Bartele Bûse wydw © Omrop Fryslân

Bartele Bûse

De film Bartele Bûse fan Omrop Fryslân-Tsjil gie ôfrûne neijier al yn premjêre op it Cinekid Festival yn Amsterdam en is dizze feestdagen foar it earst te sjen by Omrop Fryslân.
Wannear't in magyske kaam yn 'e hannen falt fan de behelpsume kapperssoan Bartele, groeit it hier fan alle klanten op magyske wize fan de iene op de oare dei. Mar as de situaasje út de hân driget te rinnen, hat Bartele de help fan in tovener nedich om de magyske kwestje op te lossen.
Bartele Bûse is 29 desimber fan 17.20 oere ôf alle oeren te sjen.
BINGO!
BINGO! © Omrop Fryslân
BINGO!
De resinsjes oer de foarstelling BINGO! fan Tryater earder dit jier wienen allinne mar posityf mei altyd in tsjokfolle seal. Haadrolspylster Tamara Schoppert konfrontearret minsken op subtile wize mei earmoed yn dizze moaie foarstelling.
BINGO! is twadde krystdei fan 18.00 oere ôf alle oeren te sjen.
Fryslân Hjoed Jieroersjoch
Fryslân Hjoed Jieroersjoch © Omrop Fryslân

It Fryslân Hjoed Jieroersjoch

Yn it Fryslân Hjoed Jieroersjoch meitsje wy in reis troch it jier 2023. We sjogge werom mei gasten dy't om hokker reden dan ek yn it nijs west ha: om't se op de barrikaden klommen foar it iepenbier ferfier of om't se diel útmakken fan in politike ferrassing.
Fansels sjogge we ek werom op grutte nijsûnderwerpen, lykas it brânende frachtskip dat wiken foar de kust lei.
It Fryslân Hjoed Jieroersjoch is 30 desimber fan 18.15 oere ôf alle oeren te sjen.
Sportkafee Bakker en De Vries
Sportkafee Bakker en De Vries © Omrop Fryslân

Sportkafee Bakker en De Vries

Op sneon 30 desimber is der moarns tusken 09.00 oere en 12.00 oere in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân. Yn Sportkafee Bakker en De Vries sjogge presintatoaren Andries Bakker en Roelof de Vries werom op in tal sportive hichtepunten fan it ôfrûne jier.
Gasten binne ûnder oaren keatser Taeke Triemstra, roeiers Ymkje Clevering en Jan van der Bij en de trainers Henk de Jong en Jillert Anema.
Sportkafee Bakker en De Vries is sneon 30 desimber tusken 9.00 oere en 12.00 oere te hearren en te sjen op radio en telefyzje.
HEA! Jieroersjoch
HEA! Jieroersjoch © Omrop Fryslân

HEA! Jieroersjoch

HEA! pakt âldjiersdei grut út mei in feestlik jieroersjoch. In oere lang moaie, oandwaanlike, bysûndere en hilaryske reportaazjes, oaninoar praat troch bekende Hea!-gesichten. We sjogge wer even by Harry Bootsma op 'e Lemmer mei syn Bentley Merlin V12 special út 1952. En hoe gie it ek al wer mei de bruorren Rindert en Foppe Douwes by de Trekkertrekwedstriid yn Rinsumageast?
It HEA! jieroersjoch is âldjiersdei fan 18.00 oere ôf alle oeren te sjen.
Foarútsjen mei Reitse
Foarútsjen mei Reitse © Omrop Fryslân

Foarútsjen mei Reitse

Om it nije jier goed te begjinnen, sjogge wy mei spesjale gasten yn de earste wike fan jannewaris foarút mei Reitse. Yn it nije seizoen giet Reitse de útdaging oan: foar 10 euro itensiede foar 4 persoanen. Wat it noch spannender makket is dat net Reitse sels, mar syn gasten de yngrediïnten keapje.
Miranda Werkman sjocht oan tafel foarút nei 2024. Mei oare wurden: in kombinaasje fan goeie petearen en hearlik iten.
Foarútsjen mei Reitse is fan moandei 1 oant en mei freed 5 jannewaris fan 17.20 oere ôf alle oeren te sjen.
Sis it mar!
Sis it mar! © Omrop Fryslân

Sis it mar!

Yn de earste wike fan jannewaris gean de muzyklisten oan de kant en stiet de programmearring yn it teken fan fersykjes fan harkers. Wy draaie watsto hearre wolst yn it programma Sis it mar! Begjin it nije jier mei dyn favorite nûmers. Wat wolsto hearre? Sis it mar en stjoer dyn fersykje nei de Omrop-app.
Sis it mar! fan moandei 1 oant en mei sneon 6 jannewaris de hiele dei fan 6.00 oant 01.00 oere te hearren.
Dit is noch mar in koarte seleksje fan alle programma's dy't Omrop Fryslân útstjoert dizze feestdagen. It folsleine oersjoch is te finen op Omropfryslan.nl/winter of hjirûnder yn te sjen.
Winterprogrammearring 2023
Winterprogrammearring 2023 © Omrop Fryslân