Konkurrinsje op NK is grutter as ea foar frouljussprinters: "It wurdt echt hiel spannend"

Michelle de Jong
Michelle de Jong © ANP
De reedriders kinne de kommende dagen yn Thialf harren seizoen meitsje of brekke op it NK ôfstannen. Der binne startplakken te fertsjinjen foar it EK en WK. Benammen by de sprintfroulju is de konkurrinsje gigantysk.
Fansels, sa'n Nederlânske titel wol eltse reedrider graach behelje. Mar eins giet it foaral om de startbewizen foar de grutte ynternasjonale toernoaien. "Het draait in december om die eerste drie plekken, dat is ieder jaar zo", seit Michelle de Jong.
Oer it algemien is in poadiumplak op in ôfstân genôch foar in startbewiis op it EK ôfstannen yn jannewaris en it WK ôfstannen yn febrewaris.

Soad konkurrinsje

De Jong moat it fan it koartere wurk hawwe. Se sil oan de bak moatte om it poadium te heljen: "Het is drukker dan dat het de vorige jaren was. Het niveau ligt wel hoog nu."
Dêr slút ploechgenoate en konkurrinte Marrit Fledderus har by oan: "Sjochst foaral op de 500 meter dat it superticht op inoar sit. It wurdt echt hiel spannend. Der binne genôch famkes om rekken mei te hâlden."
As we beide froulju freegje nei de konkurrintes op de sprintnûmers, komme se ta itselde rychje: "Femke Kok, Jutta Leerdam, Naomi Verkerk, Dione Voskamp." En fansels neame se elkoar ek.
Marrit Fledderus en Michelle de Jong libje ferskillend ta nei wichtich NK
De tarieding fan De Jong en Fledderus op it NK is hiel oars. Wêr't de ien oan de start ferskynt mei in hoop selsfertrouwen, sit de oar mei fraachtekens.
Fledderus is dejinge mei selsfertrouwen. Se notearre begjin dizze moanne har bêste yndividuele klassearring oant no ta by de wrâldbekerwedstriden: se waard fjirde op de 500 meter. "Ik fernim dat ik dêr folle fertrouwen út helje. Dat is hiel belangryk foar in sporter", seit de 22-jierrige reedrydster fan Sint Nyk.
De ôfrûne moannen reizge Fledderus de wrâld oer en ried se in soad 500 en 1.000 meters by de wrâldbekerwedstriden. "It giet hiel goed dit seizoen", fernimt se. "Ik bin hiel stabyl en it giet alle wykeinen in bytsje better. Ik hoopje dat ik dy line trochsette kin."
Oan de begjin fan it seizoen tocht ik: ik wol sa graach it WK ride en ik wol dêr sa graach stean.
Marrit Fledderus oer poadiumplakken op it NK
Dat it har dit seizoen goed fergiet, soarget ek foar ferwachtings. In poadiumplak op de 500 en 1.000 meter bringt har nei it EK en WK. "It fielt eins wol in bytsje sa dat ik it oan myn stân ferplichte bin."
Fledderus hat noch in ekstra driuwfear: it soe har yndividuele debút wurde kinne op it WK ôfstannen. Foarich jier ried se allinnich de teamsprint. "Oan de begjin fan it seizoen tocht ik: ik wol sa graach it WK ride en ik wol dêr sa graach stean. Ek omdat ik op de wrâldbeker hiel ticht by it poadium siet."
Marrit Fledderus
Marrit Fledderus © ANP
It is fanselssprekkend dat ek De Jong it WK ride wol. Mar foar har wie de oanrin in stik minder as foar Fledderus. De Jong hat de ôfrûne moannen mar ien wrâldbekerwedstriid riden. Se wie reserve en koe begjin dizze moanne ynfalle, wêrtroch't se dochs yn aksje komme mocht yn it Noarske Stavanger.
Dat se net mear ynternasjonale wedstriden riden hat, komt trochdat De Jong har yn oktober net pleatste foar de wrâldbekers. Dat hat alles te krijen mei in ûntstutsen skynbonke, dêr't se sûnt de simmer lêst fan hân hat.
Sûnt in pear wiken kin se einliks sizze dat it de goeie kant op giet. "Het begint eindelijk weer te voelen als mijn been waarmee ik goed kan schaatsen. Tot een paar weken geleden voelde het nog steeds niet normaal. Dat heeft echt extreem lang geduurd. Ik ben daarom echt heel blij dat het nu wel goed gaat."
Ik durf nog steeds niet te zeggen dat het 100 procent is, maar ik denk wel dat ik er nu echt naartoe groei.
Michelle de Jong oer har skynbonke
It bewiis fan dat it de goeie kant wer op giet, liet De Jong ôfrûne freed sjen by in trainingswedstriid. Dêr notearre se op de 500 meter in prima tiid fan 37,84. De 24-jierrige reedrydster libbet dêrtroch wol mei in noflik gefoel ta nei it NK. Al wit it jongere suske fan Antoinette Rijpma-De Jong dat it foar in poadiumplak noch wol flugger moat.
Neffens har kin it ek noch rapper. "Ik kan nog een paar procent winst behalen. Ik durf nog steeds niet te zeggen dat het 100% is, maar ik denk wel dat ik er nu echt naartoe groei."
It programma fan it NK ôfstannen
  • Tongersdei 28 desimber: 5.000 meter en 500 meter manlju, 1.500 meter froulju
  • Freed 29 desimber: 3.000 meter en 500 meter froulju, 1.500 meter manlju
  • Sneon 30 desimber: 10.000 meter, 1.000 meter en massastart manlju, 5.000 meter, 1.000 meter en massastart froulju
By beide froulju hat de 500 meter fan freed de prioriteit. "Als ik mijn hoofd erbij houd, koel blijf en technisch heel goed rijd, dan denk ik dat ik wel kans maak", seit De Jong. "Hoe dat op de 1.000 meter is, durf ik niet te zeggen."
Fledderus: "As ik kieze moat, dan kies ik foar de 500 meter. Dat fyn ik de leukste ôfstân en dy giet ek it bêste. Mar ik wol my pleatse foar beide ôfstannen. Myn 1.000 meter giet ek hieltyd better. It moat wol kinne, dus ik gean derfoar."