Ynternasjonale ferdraggen oer natuerbeskerming op it Waad net neilibbe

De kwelder by Koehoal
De kwelder by Koehoal © Remco de Vries
Ynternasjonale ôfspraken oer natuerbeskerming wurde net goed neilibbe yn de Waadsee. Dat docht bliken út in analyze troch juristen fan de Waadakademy. Sa't it behear en de beskerming fan de natuer dêr no regele is, foldocht net.
De juristen hawwe sjoen nei ynternasjonale ferdraggen en Europeeske rjochtlinen dy't jilde foar it Waad.
Dy analyze is dien yn opdracht fan Rykswettersteat. Ien fan de ferdraggen dêr't nei sjoen is, is it 'UNESCO Werelderfgoedverdrag'.
Doe't it Waad foar dy titel nominearre waard, sei minister Gerda Verburg fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit doetiids dat soks gjin juridyske konsekwinsjes ha soe. Dat is neffens professor Kees Bastmeijer fan Rijksuniversiteit Groningen in "fersin."

Waadsee fan wearde

It ferdrach ferplichtet ta it behâlden fan de "uitzonderlijke, universele waarde van de Waddenzee" en dan giet it om likegoed 'bysûndere prosessen' as 'it bioferskaat en de yntegriteit fan it gebiet'.
En dat is net slagge. Der sitte bygelyks tsientallen eksoatyske soarten yn de Waadsee dy't dêr net thúshearre en it giet net goed mei in hiel soad fûgels dy't it Waad brûke. Bastmeijer sitearret in ûndersyk dêr't yn konkludearre wurdt dat "juist de Waddenzee een zwakke schakel is in de trekroute."
Hy hat ek noed oer de beskerming fan fûgels en oare soarten trochdat de 'Wet Natuurbescherming' sa útholle is dat je de fersteuring fan dy soarten hast net mear oanpakke kinne.

Ferdwûn

Sa is it opsetlik fersteuren fan seehûnen hielendal ferdwûn út de wetjouwing en dat is yn striid mei it seehûneferdrach dat by it ferdrach fan Bonn heart. De fersteuring fan fûgels en seehûnen kin tanimme troch it tanimmende toerisme.
De Filipynske tapytskulp, ien fan de eksoaten yn de Waadsee
De Filipynske tapytskulp, ien fan de eksoaten yn de Waadsee © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Dan it 'Verdrag inzake Biologische Diversiteit' út 1992 dat bedoeld is om it bioferskaat te behâlden. Jurist Luuk Boerema skriuwt dat it behear fan de Waadsee te fersnipele is en net foldocht oan de easken út dit ferdrach.
Allinnich foar in natuerfergunning binne der trije oerheden dy't flink los fan inoat besluten nimme; de trije provinsjes en de minister fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit. Oan dit soarte fan problemen wurdt wol wurke by de Beheerautoriteit Waddenzee.
Wat it grutte probleem is neffens de ferskillende auteurs is dat Nederlân te iensidich ynset op natuerbeskerming middels de Europeeske Natura 2000-systematyk en de Habitatrjochtline en Fûgelrjochtline dy't dêr ûnder hingje. Dêrby giet it om it yn stân hâlden fan leefgebieten en soarten dêr't sa'n ynstânhâldingsdoelstelling foar jildt.

"Stilte en ongereptheid"

Dy beskerming soe jilde moatte foar alle ûnderdielen fan in ekosysteem "waaronder vissen, het bodemleven en waarden als duisternis, stilte en ongereptheid", skriuwt Boerema. Sterker noch, Nederlân hat ferdraggen ratifisearre dêr't dy bredere oanpak ek yn ferplichte wurdt.
De Waadsee
De Waadsee © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
En as it allinnich om dy Natura 2000-doelen gean soe, komme je der dêrmei ek net. Professor Arie Trouwborst fan de Tilburg University skriuwt dat Nederlân al fan 1982 ôf de tiid hie om oan alle easken te foldwaan, doe waard it saneamde ferdrach fan Bern fan krêft.
Briedende kobben yn de dunen
Briedende kobben yn de dunen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
"Maar nog altijd is de staat van instandhouding van veel Waddensoorten en hun habitats ongunstig, laat staan dat de soorten in kwestie voorkomen in dichtheden waarin zij hun ecologische rol goed kunnen vervullen."

Optelsom

Yn it rapport is in dúdlike oprop te lêzen om de problemen fan it Waad yn gearhing mei-inoar oan te pakken want by de measte grutte bedrigingen giet it om in optelsom fan problemen "of het nu gaat om verontreiniging, verstoring, landschapsaantasting of klimaatverandering", skriuwt haadauteur Bastmeijer.