Omwenners Nij Hiddum-Houw ha lêst fan lûdshinder, slachskaad en nachtferljochting

Wynpark Nij Hiddum-Houw
Wynpark Nij Hiddum-Houw © Nij Hiddum-Houw
Lûdshinder, slachskaad en nachtferljochting. It binne de trije saken dêr't omwenners fan wynpark Nij Hiddum-Houw lêst fan ha. Yn it ôfrûne jier binne mear as tritich meldingen binnenkaam, mar der binne ek al oplossingen.
Yn it wynpark Nij Hiddum-Houw by Surch draaie de njoggen hege wynmûnen no 1,5 jier, mar omwenners rinne tsjin ferskate problemen oan. Tongersdeitejûn binne de omwenners bypraat oer wat der dien wurdt mei harren meldingen.
"Over het algemeen zien we dat de mate van hinder ervaren door omwonenden heel erg divers is", lit Amanda Jacobs-Jansen fan Antea Group witte. Dat bedriuw hâldt mei in 'Gezondsheidsmonitor' de klachten by en hat oerlizzen mei de eigeners fan it wynpark om ta oplossingen te kommen. Nij Hiddum-Houw is it iennige wynpark dêr't dit sa bart.
"De ene melder ervaart geluidshinder van een bromtoon, de ander juist meer van de wiekslag van een windmolen en weer anderen ervaren juist geen geluidshinder maar hebben last van de verlichting."
Amanda Jacobs-Jansen fan Antea Group
Amanda Jacobs-Jansen fan Antea Group © Eigen foto
It grutste part fan de meldingen giet oer lûdshinder. Dêrom binne yn it ôfrûne jier twa soarten mjittingen dien. Ien fan de wynmûnen sels en ien fan de totale omjouwing.

Lûdsnoarmen

"Windpark Nij Hiddum-Houw moet voldoen aan bepaalde geluidsnormen die in de vergunning en de omgevingsovereenkomst met de Omgevingsadviesraad zijn vastgelegd", fertelt Jacob-Jansen.
Om te sjen oft it park hjir oan foldocht, ha der lûdsmjittingen west mei twa wynmûnen. "De eigenaren van het windpark geven aan dat bij de eerste windmolen is aangetoond dat deze aan de wettelijke norm voldoet. Voor de tweede windmolen is dit onderzoek nog niet afgerond."
Der is ek op fjouwer plakken ûndersocht watfoar ynfloed it wynpark hat op it gebiet. Jacob-Jansen: "Er zijn geluidsmetingen verricht in een periode met en een periode zonder bladeren aan de bomen. Deze metingen zijn ook al verricht in de periode voor de realisatie van windpark Nij Hiddum-Houw."

'Kleine pieken'

Ut dy ûndersiken is wol wat nei foaren kaam: "De partijen hebben ons laten weten dat er voor verschillende geluidsfrequenties kleine pieken te zien zijn die, voor de realisatie van het windpark, niet te zien waren."
It wurdt op dit stuit ûndersocht of dizze 'lytse piken' soargje kinne foar de bromtoanen dy't omwenners hearre. In jier lyn hat Omrop Fryslân in reportaazje makke mei dizze omwenners, fan wa't guon net mear goed sliepe koene.
Omwenners wynpark Nij Hiddum-Houw tsjinje klachten yn fanwege bromtoanen
Foarútrinnend op de útkomsten fan de ûndersiken wurde op it stuit de ynstellingen fan de wynturbines oanpast om te sjen of lûdshinder foarkaam wurde kin.
Jacobs-Jansen: "Ook worden worden op korte termijn de moffen (koppelstukken tussen de molens en het stroomnet) aangepast en worden de oude windmolens dit jaar verwijderd. Dit zijn wellicht mogelijkheden waarmee de bromtoon kan worden verholpen."

Wat is in bromtoan?

In bromtoan, of ek wol leechfrekwint lûd, is lûd datst hast net hearst om't it in frekwinsje hat tusken de 25 en 125 Hertz. Gewoane lûden lizze tusken 125 en 8.000 Hertz. It leechfrekwinte lûd kin tige aaklik foar minsken wêze en wurdt omskreaun as in konstant, dreunend lûd. It is krekt oft draait der in frachtwein stasjonêr, of stiet der earne in aggregaat oan.
It lûd kin troch bygelyks de wyn komme, mar ek troch pompen, motoaren of aggregaten. Dochs is de boarne fan it lûd faak dreech te finen, om't dizze frekwinsje fan lûd net hindere wurdt troch bygelyks in muorre fan in hûs of isolaasje. Dêrom kin de boarne samar kilometers fierderop wêze.
It ôfrûne jier binne ek oanpassingen dien, sadat der minder slachskaad yn wenningen is. En sil de ferljochting boppe op de wynmûnen op koarte termyn útgean en allinnich oangean as der in fleantúch oankomt.

Leare foar yn de takomst

Omwenners binne bliid dat se earne terjochte kinne mei harren soargen oer it wynpark en dat dêr mei tank oan de Gezondheidsmonitor wat oan dien wurdt. Jacobs-Jansen: "Andere windparken kunnen leren van wat wij aan kennis hebben opgehaald samen met de omwonenden van windpark Nij Hiddum-Houw."