Weststellingwerf wol allinnich noch 'histoarysk ferantwurde' gevels: "Geen saaie blokkendoos"

Huize Lindenoord yn Wolvegea, boud yn 1780 en yn besit fan de grytmansfamylje Van Haren (Huzinge Lindenoard, state)
Huize Lindenoord yn Wolvegea, boud yn 1780 en yn besit fan de grytmansfamylje Van Haren © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Huzen dy't nijboud of ferboud wurde yn Wolvegea moatte tenei in 'histoarysk ferantwurde' gevel hawwe. In moasje dêroer waard moandei oannaam yn de gemeenteried fan Weststellingwerf.
Neffens fraksjefoarsitter Richard Bos fan de VVD kin it strjittebyld fan Wolvegea wol wat ferbettere wurde. Bos stelt dat it doarp in rike histoarje hat wat 'fraaie' pannen oanbelanget. Dat soarte fan pannen soenen weromkomme moatte.

Gearhingjend gehiel

De VVD tsjinne der tegearre mei de SDW, Weststellingwerfs Belang en Blijf Stellingwerfs in moasje oer yn. Doel is om wat oan de 'saaie blokkendoos uitstraling' yn Wolvegea te dwaan. "Wolvega heeft behoefte aan een samenhangend straatbeeld", sei Cor Trompetter fan de SDW, dy't ek histoarikus is.
Dat gearhingjende gehiel, dat is essinsjeel, fynt ek Bos. "Er komen allerlei woongebouwen rondom het prachtige, historische huis Lindenoord. Daar past een moderne uitstraling niet bij. Het moet een mooi geheel in het centrum worden."
Allinnich it CDA stimde tsjin de moasje. It kolleezje wurdt ek fersocht om te ûndersykjen oft in subsydzje helpe kin by it ferbetterjen fan gevels.