Liveblog | 19 desimber 2023

112-nijs 19 desimber: Twa minsken ferwûne by auto-ûngelok Wâldsein

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 19 desimber 2023, 18:21
18:21

Fytser ferwûne nei oanriding yn Ljouwert

Op de Middelzeelaan yn Ljouwert is tiisdeitemiddei in fytser oanriden troch in auto.
De fytser rekke dêrby ferwûne. De auto rekke flink skansearre.
Fytser oanriden yn Ljouwert
Fytser oanriden yn Ljouwert © CAMJO Media
18:08

Ferskate ôffearten tusken It Amelân en Holwert ferfalle

Fanwegen de ferwachte heechwetterstân ferfalle de kommende dagen meardere ôffearten tusken It Amelân en Holwert.
Op tongersdei 21 desimber ferfalle fan It Amelân ôf de sneltsjinsten fan 15.45, 16.45 en 18.45 oere. Fan Holwert ôf ferfalle de sneltsjinsten fan 16.15, 17.45 en 20.00 oere.
Op freed 22 desimber ferfalle fan It Amelân ôf de feartsjinst fan 06.00 oere en fan Holwert ôf de feartsjinst fan 07.15 oere. De sneltsjinsten dy't freed ferfalle fan It Amelân ôf bin dy fan 06.15 en 07.30 oere. De sneltsjinsten dy't fan Holwert ôf ferfalle bin dy fan 07.00 en 08.00 oere.
Op sneon 23 desimber ferfalt fan It Amelân ôf de feartsjinst fan 07.15 oere. Fan Holwert ôf ferfalt de feartsjinst fan 07.15 oere. Der wurd dan fan beide kanten ôf in ekstra ôffeart ynpland. Dy fan It Amelân ôf set ôf om 07.15 oere en dy fan Holwert ôf om 08.30 oere.
17:27

Boargemaster slút tweintichste drugspân dit jier yn Ljouwert

Yn Ljouwert is in hûs sletten omdat der in hannelshoemannichte harddrugs en softdrugs oantroffen waard. It giet om kokaïne, heroïne, ketamine en hasj. Yn it hûs oan Achter de Hoven waard dêrneist noch in luchtdrukwapen en munysje foar in fjoerwapen oantroffen. It hûs bliuwt seis moannen ticht.
It is de tweintichste wenning dy't dit jier sletten is troch de boargemaster.
16:09

Auto op 'e kop by Wâldsein

By in ûngelok op de N928 by Wâldsein binne twa minsken ferwûne rekke. De automobilist sloech mei de auto oer de kop en einige yn de oanlizzende greide.
De twa ynsitters binne nei it sikehûs ta brocht.
Auto op 'e kop by Wâldsein
Auto op 'e kop by Wâldsein © CAMJO Media
15:35

Man moat sel yn nei bedriigjen konduktrise

In 56-jierrige man moat trije wiken de sel yn omdat er in konduktrise fan NS bedrige hat. Ek moat er 300 euro smertejild betelje om 't de frou benaud wie dat er har wat oandwaan soe en se in pynlike earm oan it ynsidint oerhold. Dit ûntstie doe 't se mei alle macht besocht om de doar ticht te hâlden fan de kûpee wêryn 't de man him befûn.
It ynsidint barde yn de trein tusken Ljouwert en It Hearrenfean. De man waard woest doe't de konduktrise om syn treinkaartsje frege. Doe't de konduktrise fuortrûn begûn de man har te filmjen.
Njonken de trije wiken sel krige hy ek noch trije wiken ûnder betingst oplein. De man stiet bekend as 'veelpleger'.
14:11

Man feroardiele foar karrûsel oan oertrêdings

In 33-jierrige man dy't earder yn Drachten wenne, is feroardiele ta seis moanne sel, wêrfan twa ûnder betingst om't hy him neffens de rjochtbank skuldich makke hat oan wytwaskjen, drugsbesit, mishanneling fan syn doetiidske partner, bedriging fan plysje-aginten en it besit fan in soad munysje. De plysje fûn 500 patroanen fan ferskate kalibers ûnder syn bêd.
De man moat him behannelje litte by ferslavingssoarch en de rjochtbank lei him ek in alkoholferbod op. Ek mei hy gjin kontakt mear opnimme mei syn eardere partner en krige hy in strjitferbod.