Ald-keatser Dirk Jan van der Woud nije direkteur fan keatsbûn KNKB

Dirk Jan van der Woud
Dirk Jan van der Woud © Eigen foto
Dirk Jan van der Woud út Goutum wurdt mei yngong fan 1 febrewaris 2024 de nije direkteur fan it keatsbûn KNKB. Hy folget yn dy funksje Marco Hoekstra op.
Hoekstra hat de KNKB op 1 novimber nei seis jier ferlitten. Hy hat in baan oannaam by de gemeente Hearrenfean.
De 52-jierrige Dirk Jan van der Woud is gjin ûnbekende yn de keatswrâld: hy hat fyftjin jier op it heechste nivo keatst, yn 2003 wûn hy de PC mei Klaas Berkepas en Klaas Anne Terpstra en foar Goutum wûn Van der Woud trije kear de Bûnspartij.

Ferskate funksjes yn keatswrâld

Ek bestjoerlik hat Van der Woud al it ien en oar dien yn de keatswrâld. Hy wie foarsitter fan de kommersjele klup fan de KNKB en pleatsferfangend foarsitter fan de Feriening fan Keatsers.
Op dit stuit is Van der Woud noch foarsitter fan it PC Selskip. Dat is in kommisje dy't him ynset foar it befoarderjen fan it keatsen ûnder de jongerein. De opset fan in nije junioarekompetysje, mei lease-auto's as prizen, is oant no ta it meast opmerklike inisjatyf fan it PC Selskip.
Van der Woud sil syn funksje as foarsitter fan it PC Selskip op 1 febrewaris dellizze.