Lange oanrydtiden dykynspekteurs soargje foar mear gefaar lâns Fryske sneldyk

In auto fan Rykswettersteat
In auto fan Rykswettersteat © ANP
Ast mei in kapotte auto lâns de sneldyk stiest, dan rinst yn Noard-Nederlân mear gefaar as yn de Rânestêd. De dykynspekteurs fan Rykswettersteat, dy't nei in ûngelok de dyk ôfsette, hawwe yn it Noarden nammentlik folle langere oanrydtiden.
Dit soarget derfoar dat bergingsbedriuwen, helptsjinsten en slachtoffers mear gefaar rinne op in oanriding, seit ûndersykssjoernalist Freke Remmers fan Omroep Gelderland, sy hat foar de omrop ûndersyk dien nei de kwestje.
Dykynspekteurs soargje der by maleur of in ûngelok nammentlik foar dat ferkearsdielnimmers gau en feilich trochride kinne. De ynspekteurs parkearje harren auto foar it ynsidint, sadat bergers en helptsjinsten harren wurk dêrefter feilich dwaan kinne.
In ûnachtsume ferkearsdielnimmer rekket dan as earste de (ûnbemanne) tsjinstauto fan Rykswettersteat, yn stee fan de helpferlieners of de slachtoffers.

Twa kear langer

Benammen yn de jûnsoeren en nacht, rint de wachttiid op. Yn Fryslân kin it wol sa'n healoere oant trije kertier duorje foardat de dykynspekteur te plak is. Dat is hast twa kear langer as yn de Rânestêd. Salang't de dykynspekteur der net is, nimme helpferlieners en bergers de taak fan it befeiligjen oer.
Bergingsbedriuwen sizze dat it gefaar foar harren ek grut is omdat se op lette tiden op net ferljochte diken oan it wurk binne. Yn Noardeast-Nederlân is nammentlik in stik minder ferljochting op de diken as yn it westen fan it lân.
De dyk wurdt ôfset
De dyk wurdt ôfset © ANP
Neffens Rykswettersteat komt it grutte ferskil yn oanrydtiden trochdat dykynspekteurs yn Noardeast-Nederlân mei oproptsjinsten út hûs wei wurkje, wêrtroch't it langer duorret foardat se by in ynsidint wêze kinne. Yn de Rânestêd is der altyd in ynspekteur op 'en paad.
Rykswettersteat seit dat yn Noardeast-Nederlân keazen is foar oproptsjinsten, omdat it tal ynsidinten yn de nacht te lyts is om in dykynspekteur kontinu op de dyk te hawwen.
Neffens Remmers binne de fakbûnen yn petear om yn de rin fan 2024 faker in ynspekteur yn it noardeasten op de dyk te hawwe. Dit soe de oanrydtiden ferminderje moatte.