Saak oer stellerij ferbodsbuorden Skiermûntseach seponearre

-
De buorden dêr't it om giet © Plysje Skiermûntseach
De saak tsjin twa eilanners foar it stellen fan ferbodsbuorden fan Natuurmonumenten op Skiermûntseach is seponearre. Dat befêstiget it Iepenbier Ministearje (IM). It betsjut net de manlju neat ferkeard dien hawwe.
Neffens it IM wie dat in strafber feit en hat de plysje harren terjochte oanhâlden. Dochs is der foar keazen om de saak net troch te setten. "De reden is dat we de zaak niet in het strafrecht willen trekken. Immers, inmiddels zijn er gesprekken tussen Natuurmonumenten en eilandbewoners op gang gekomen", sa ferklearret in wurdfierder.
"De focus moet liggen op de toekomst en de goede onderlinge verstandhouding. Daarbij helpt in onze ogen op dit moment niet het opstarten van een strafzaak, maar eerder goede gesprekken tussen betrokkenen."

Untefreden

Skiermûntseach is in nasjonaal park en Natuurmonumenten is dêr de natuerbehearder. Eilanners wiene en binne ûntefreden oer de wize wêrop't sy dêr by belutsen wurde. It pleatsen en dêrnei meinimmen fan de buorden wie ien fan de wichtichste ynsidinten dy't dat dúdlik makke.
FollesealSkier
In fol doarpshûs op Skiermûntseach yn novimber oer de relaasje mei Natuurmonumenten © Omrop Fryslân
Nei in ynformaasjejûn dêr't in hiel soad eilanners op ôf kamen, wurdt op it stuit besocht de problemen op te lossen.