Happy Squad giet iensumens te liif mei krystkaarten: "Leven van ander leuker maken"

kryst, iensem
In part fan de âlderen is iensum mei de krystdagen © ANP
Foar minsken sûnder famylje en freonen is de krystdagen in ekstra iensume tiid. Dêrom skriuwt Happy Squad kaarten foar dizze groep. Brenda de Zwaan is ien fan de leden. "Zo geef je zowel jezelf als de ander een goed gevoel."
Happy Squad is in platfoarm dat graach wat leafs docht foar in oar. It ferstjoeren fan krystkaarten heart dêrby. "Het is voor iedereen die zo'n kaartje wel kan gebruiken", seit De Zwaan. Happy Squad, dat yn juny oprjochte waard, hat ûnder mear kontakt mei âldereintehuzen en soarchsintra. "Maar ook via-via komen we bij personen terecht. 'Die vrouw zou wel een kaartje kunnen krijgen', horen we dan."
Op het kaartje kan staan: 'Ik ken u niet, maar ik wil u in deze donkere dagen graag een warme boodschap bezorgen'.
Brenda de Zwaan fan Happy Squad
Om't de skriuwers de ûntfangers net kenne, sit in persoanlik berjocht der net yn. "Wat we er dan opzetten? In ieder geval niet alleen 'prettige kerst' met een naam eronder. Dan kun je net zo goed niets sturen, vind ik. Het kan zoiets zijn als: 'Ik ken u niet, maar ik wil u in deze donkere dagen graag een warme boodschap bezorgen'. Het verschilt per kaartje."
Fanút har wenkeamer yn Ljouwert klimt se mei fjouwer oaren yn de pinne. De Zwaan is dosint op de Hotel Management School yn de Fryske haadstêd. Dêr waard se tipt troch in kollega oer Happy Squad, en sleat har der dêrnei by oan.

Komplimintsje yn 'e trein

"Doel is om een beetje happiness in de wereld te verspreiden. Zo geef je zowel jezelf als de ander een goed gevoel." De leden krije alle moannen twa of trije 'challanges'. "De bedoeling is dat je iets vriendelijks doet. Bijvoorbeeld een onbekende een compliment geven in de trein, of er een oud boek achterlaten met een briefje waarop staat dat het je heeft geïnspireerd en het nu voor de ander is", seit se. "Maar niks moet."
krystkaarten
Happy Squad skriuwt krystkaarten foar âlderen © ANP
Elkenien dy't in geskikt persoan hat foar in krystkaart, kin it oangeande adres fia in berjocht op X nei Happy Squad stjoere. "Zo kun je het leven van een ander net wat leuker maken."