HEA! Bruorren Douwes yn it hier op Skier

HEA! De bruorren Douwes te kij skearen op Skier
Foppe en Rindert Douwes fan Brantgum binne twa dagen op Skiermûntseach om kij te skearen. It is dus gjin fakânsje, mar wurk kin ek ûntspanning wêze, sa fynt Rindert.
Op de boat wurde de mannen gelyk werkend en wolle de fans mei harren op de foto. By oankomst op Skiermûntseach is it gelyk trochpakke en op nei boer Peter Visser. Se moatte yn twa dagen by mear boeren del, dus der is gjin tiid te ferliezen. It binne pittige dagen, mar it jout de bruorren in spesjaal gefoel om op it eilân te wêzen.