Wat hat Jeugdhulp Fryslân leard fan drama Woodbrookers? "Gesin tenei sintraal"

Jeugdhelp
Jeugdhelp © Shutterstock.com (Chay_Tee)
It gesin moat sintraal stean yn de behanneling fan jongelju mei sosjale en/of mentale problemen. Dat is ien fan de lessen dy't ynterim-bestjoerder Hans du Prie fan Jeugdhulp Fryslân lûkt út it drama by soarchynstelling Woodbrookers.
Bern dy't om ferskate redenen net mear thús wenje kinne, moatte neffens Du Prie net samar yn de sletten jeugdsoarch pleatst wurde. Yn it ferline waard yn de spesjalistyske jeugdsoarch te gau foar dy lêste opsje keazen.
Mei de nije oanpak moat neffens Du Prie foarkaam wurde dat misstannen lykas yn de ôfrûne jierren by jeugdhelpynstelling Woodbrookers yn Koartehimmen wer barre.
Yn Woodbrookers kaam it foar dat bern yn isolaasje pleatst waarden en ek dat se op in fysyk yntimidearjende wize teplak set waarden.
Hans du Prie, ynterim-bestjoerder by Jeugdhulp Fryslân
Hans du Prie, ynterim-bestjoerder by Jeugdhulp Fryslân © Omrop Fryslân
Du Prie giet út fan trije foarmen fan helpferliening, mei as basis de húshâlding.
"Als er een beroep op ons wordt gedaan, gaan we een heel gezin aannemen. Dan zullen we een brede analyse maken van de problemen. Waardoor worden de problemen veroorzaakt? Gaat het om het verwerken van trauma's of moet een kind tot tien leren tellen?"
Het is van belang dat ook de ouders onderdeel worden van de behandeling.
Hans du Prie fan Jeugdhulp Fryslân
Doel fan de opname is dus om it probleem binnen de húshâlding op te lossen en der wurdt in termyn keppele oan de behanneling.
"Dus niet opnemen en maar kijken. Nee, dat vergroot het vertrouwen van dit soort jongeren niet", seit Du Prie. "Ons doel is dat het kind uiteindelijk terug naar huis gaat. Dus is het van belang dat ook de ouders onderdeel worden van de behandeling."
Sletten jeugdsoarch bliuwt dêrby altyd in mooglikheid: "De voor- en achterdeur kunnen dicht als het nodig is."

Help oan hûs

It kin ek wêze dat húshâldens thús help krije. Dat wurdt no ek al dien, mar dêr wurdt noch mear op ynset. It giet om yntinsive programma's dy't úthûspleatsing foarkomme moatte. En as de spanning thús wol te heech oprint, kin in bern altyd oerbrocht wurde nei in opfanglokaasje.
De sletten jeugdsoarch op himsels ferdwynt net. Dat is soarch foar jongerein dy't hiel spesjalistyske soarch nedich hat. Yn Fryslân binne no tolve plakken beskikber. Dy binne earst op it terrein fan Woodbrookers by Koartehimmen. Dat ferhuzet letter nei in oare lokaasje.
Der wurdt yn oparbeidzjen mei ynstellingen yn Grinslân en Drinte ek wurke oan it opsetten fan in spesjalistyske klinyk. It giet dan om hiel agressive jongelju of bern mei in ytfersteuring.
De tredde foarm is lytsskalige opfang yn in stêd of doarp. Du Prie: "Om een voorbeeld te geven: vier jongeren die in de buurt wonen, daar naar school gaan en gewoon functioneren."
Jeugdhulp Fryslân hat op it stuit twa fan sokke lokaasjes, op It Hearrenfean en yn Drachten.

Leare selsstannich te wêzen

Yn Ljouwert komme op termyn ek twa fan sokke lokaasjes. "Het gaat om jongeren met complexe problemen die zich wel kunnen handhaven in de omgeving, maar anderszins moeite hebben hun leven op orde te houden. We coachen ze hier op weg naar zelfstandigheid."
De bern leare bygelyks hoe't se in húshâlden fiere moatte en hoe't se de kontakten mei harren âlden en oare minsken ûnderhâlde moatte.
Alden steane sintraal by help oan de bern yn de nije jongereinsoarch
De opfang op It Hearrenfean leit oan de râne fan in wenwyk. Under sitte kantoaren, mar is ek in romte foar kreative terapy.
"We kunnen zo inzicht krijgen in wat er in hun hoofden speelt. Hoe vertel ik wat mij dwars zit? Dat is voor de meeste bewoners niet zo simpel", seit Matthijs Witlox. Hy is ien fan de helpferlieners op de lokaasje fan It Hearrenfean.

Seeën fan tiid

"Er zitten hier vier jongeren. Meer kunnen er niet wonen", sei Witlox. Oerdeis en jûns binne twa begelieders oanwêzich, nachts is der ien.
Witlox: "Dat houdt in dat we zeeën van tijd voor ze hebben en dat is wat we willen: tijd en aandacht. We zien dat dat effect heeft."
Matthijs Witlox yn de romte foar kreative terapie
Matthijs Witlox yn de romte foar kreative terapy © Omrop Fryslân
De krêft fan sa'n foarm fan opfang is simpel: de bern fiele har sjoen.
Witlox: "Ik denk dat de kracht is dat wij heel vroeg kunnen signaleren wat er aan de hand is. Als iemand er bij het avondeten niet lekker bij zit, hebben we de ruimte om naar buiten te gaan en een stuk te wandelen. Te doen wat helpt. Daar hebben wij tijd en ruimte voor."
Het geeft energie om te zien hoe jongeren er wel iets van maken en verder komen.
Matthijs Witlox, begelieder Jeugdhulp Fryslân
It bliuwt hoe dan ek kompleks. De jongelju dy't der sitte binne pubers mei komplekse problemen. "Het gedrag is ingewikkeld en dat vraagt veel van ons jeugdzorgwerkers. Maar de ambitie hebben om daar doorheen te willen kijken is al grote winst."
Hy sjocht dat it wurket. "Het geeft energie om te zien hoe jongeren er wel iets van maken en verder komen. Het is de mooiste baan."
Oft dizze foarm fan help de oplossing is, doart Witlox net te sizzen. "Voor de categorie jongeren waar wij mee werken wel. Maar dit kan niet voor alle doelgroepen. Er bestaat een nog complexere groep die in de gesloten jeugdzorg zit."