Henk de Jong sjocht FC Dordrecht as lykweardige klup: "It wurdt in spannende wedstriid"

Henk de Jong
Henk de Jong © Orange Pictures
Cambuurtrainer Henk de Jong is dúdlik: Cambuur wol de folgjende bekerronde helje. De Ljouwerters spylje tiisdeitejûn yn Dordrecht de twadde ronde fan it KNVB-bekertoernoai tsjin de pleatslike FC.
Op 6 oktober spile Cambuur ek yn en tsjin Dordrecht. Cambuur ferlear dy kompetysjewedstriid doe mei 5-2. It wie de lêste wedstriid fan trainer Sjors Ultee, dy't dêrnei plak meitsje moast foar Henk de Jong.
Sportive wraak foar dat ferlies spilet by de seleksje net sa bot mei, seit De Jong. "Se wolle gewoan hiel graach de folgjende bekerronde helje, en dat wol ik ek. De beker is belangryk. Mochten we winne, dan kinne we miskien in thúswedstriid lotsje tsjin in moaie tsjinstanner. En winst smyt ek jild foar de klup op."
Henk de Jong sjocht foarút op FC Dordrecht - Cambuur
By Cambuur is der ien wiziging yn de basisopstelling: Michael Breij begjint op de bank. Hy is licht blessearre oan de hamstrings. Hy soe in lyts healoerke spylje kinne as it nedich is.
Jeremy van Mullem is de ferfanger fan Breij. Fierder bliuwt de basisopstelling yntakt. De lêste reis fan Cambuur nei Dordrecht wie dus op 6 oktober. De spilersbus rekke doe fêst yn de file en hie goed fjouwer oeren nedich om te plak te kommen. Dat wol Henk de Jong net mear.

Reisskema

En dus betocht er in oar reisskema. "Wy sille tiisdeitemoarn om tsien oere fuort. Dan sitte we yn in hotel en riede we ús dêr ta op de wedstriid. Mar ast dat dochst, dan moatst dy keamer foar ien nacht betelje. Dus hawwe wy besluten om fan tiisdei op woansdei te oernachtsjen en dan ride we woansdeitemoarn wer nei Ljouwert."
"Folle better", seit De Jong. "Want we moatte freed alwer in ein ride foar de útwedstriid tsjin FC Den Bosch."

Bosschaart

Cambuur en FC Dordrecht binne dit seizoen klups dy't ferlykber binne. De âld-assistint fan Henk de Jong, Pascal Bosschaart, is assistint-trainer by FC Dordrecht. Beide klups steane yn de kompetysje flak byinoar.
Cambuur stiet op in sechsde plak mei 31 punten, FC Dordrecht is achtste mei mar ien punt minder. Boppedat liket it spul fan de beide klups opinoar. Henk de Jong: "Ja, Pascal spilet op deselde wize as ús. It wurdt in spannende wedstriid."