Foppe de Haan foar kontraktferlinging Van Wonderen: "Mar wol ûnder betingst"

Foppe de Haan Sportcast
Foppe de Haan Sportcast © Omrop Fryslân
Yn de winterstop sil Ferry de Haan, direkteur fan sc Hearrenfean, om 'e tafel mei trainer Kees van Wonderen oer syn ôfrinnende kontrakt. Klupikoan Foppe de Haan soe derfoar kieze om it te ferlingjen, mar hat noch wol in tal opmerkings.
Van Wonderen is no oardel jier trainer yn it Abe Lenstra Stadion. Petearen oer ôfrinnende kontrakten wurde faak yn de winterstop fierd en dat sil no ek plakfine.
Neffens Foppe de Haan moat Hearrenfean Van Wonderen langer oan de klup bine. "Mar wol ûnder betingst", heakket it boechbyld fan de Feansters deroan ta.

Mear nei de regio sjen

Ien fan dy betingsten is dat direkteur Ferry de Haan faker mei Van Wonderen om tafel moat. "Om te filosofearjen oer wat Hearrenfean is, wat we graach wolle en hoe't de rol fan de trainer dêryn is. Ferry bemuoit him nei myn idee te min mei de wize fan fuotbaljen yn de grutte line."
Boppedat fynt de 80-jierrige âld-fuotbaltrainer dat der binnen de klup folle mear nei de regio sjoen wurde moat. "As Van Wonderen dat dwaan soe, tink ik dat er in folle bettere trainer wêze soe."
"Us supporters komme út De Knipe, fan De Gordyk, Langsweagen, Lippenhuzen, Jobbegea en út de Súdwesthoeke", leit De Haan út.
"Domela Nieuwenhuis is hjir grut wurden en de minsken binne allegear ôfstammelingen fan dy wrâld. Dy wrâld moast kenne. Ast dy kenst, dan wist wat de minsken moai fine oan fuotbaljen. Ik fyn dat we dat no wat misse."
Ferline wike sei Cambuurtrainer Henk de Jong yn de Sportcast dat Foppe de Haan syn learmaster is, út de tiid dat De Jong op it CIOS siet en les krige fan de âld-Hearrenfeantrainer. "Dêr hat er wol gelyk yn. Henk wie wol in goeie learling", seit De Haan.
Yn de fuotbalfyzje fan De Jong herkent De Haan wol wat fan syn eigen fyzje. "It idee dat wy útdroegen oer fuotbaljen, draacht Henk ek út. Troch goed posysjespul oanfallend en attraktyf fuotbalje en sels de bal hawwe wolle."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.