Boargemaster Van de Pol ôfwêzich by gearkomste 'om rêst werom te bringen'

Caroline van de Pol Skylge rie
Boargemaster Caroline van de Pol © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Boargemaster Caroline van de Pol komt moandeitejûn net nei de kommisjegearkomste op Skylge. Riedslid René Bultena fan Pleatslik Belang seit dat er fuortgiet as se har wol sjen litte soe.
It is de lêste ûntwikkeling yn de fertrouwenskrisis dy't de polityk fan it eilân al mear as in jier yn syn greep hâldt.
Nei in trajekt fan bemiddeling, dêr't it eilân 100.000 euro foar útluts, makke Van de Pol tongersdeitejûn ûnder in riedsgearkomste bekend dat se ophâldt as boargemaster. Se wurdt de nije boargemaster fan de gemeente Castricum, yn Noard-Hollân.
René Bultena fan Plaatselijk Belang Terschelling
René Bultena fan Plaatselijk Belang Terschelling © Lennard Geerts
Ferskate riedsleden reagearren ûntstimd. Bultena neamde it in "schoffering van de raad" dat de boargemaster nei de oankundiging fuortgien wie en gjin fragen mear beäntwurde hat.
De gearkomste wurdt moandeitejûn foarsitten troch in oar. Van de Pol is oerdei wol gewoan oanwêzich op it gemeentehûs.