Wannear kinne wy wer ris wite krystdagen ferwachtsje? "Hoopje op tafalstreffer"

Wite krystdagen kinne we wol ferjitte
Wite krystdagen kinne we wol ferjitte © ANP
Wat wurdt it útsicht as wy mei krystdagen oer it gourmetstel hinne nei bûten sjogge? Meie we noch op snie hoopje? Omrop-waarman Siebo Mollema jout dúdlikheid: "Wite krystdagen binne sa goed as útsletten."
Statistysk is de kâns lyts. Dochs hoopje in soad minsken stikem op in betoverjend winterlânskip by de krystkuier of it diner. It liket der lykwols sterk op dat ek diskear de beammen en strjitten har eigen kleur hâlde sille.
"De modellen út Amearika litte sjen dat it by ús sa'n 3 of 4 graden boppe nul wêze sil", seit Mollema.
Waarman Siebo Mollema
Waarman Siebo Mollema © Omrop Fryslân
"De Europeeske sitte dêr sels noch boppe, mei 7 of 8 graden. Hoe dan ek, wite krystdagen binne sa goed as útsletten", seit Mollema, dy't noch net wit oft it drûch bliuwt. "Dêr is it noch te betiid foar."

Twa dagen in sletten snietek

Offisjeel wordt fan in 'wite kryst' sprutsen as der yn De Bilt op likegoed 25 as 26 desimber in sletten snietek leit.
In byld út 2010 dat wy dizze krystdagen net sjen sille
In byld út 2010 dat wy dizze krystdagen net sjen sille © ANP
Wy hawwe lykwols folle faker mei griene krystdagen te dwaan. Dat hat te krijen mei de saneamde krystdepresje.
"Om dizze tiid hinne komt der meastentiids in leechdrukgebiet fan boppe de oseaan ús kant op. Dat soarget foar wyn en rein. Dat giet faak hân yn hân mei in sêfte temperatuer fan tusken de 5 en 10 graden. Krekt as dit jier dus."

Untstean fan snie

As it wol snijt, dan komt dat meastentiids troch in kâlde boppeloft dy't út it Noarden of Easten wei ús kant op waaid is. Dit hjit in 'polêre loft.'
De wetterdrippen yn de wolken feroarje by frieskjeld yn iiskristallen. Dy klontearje dêrnei byinoar en foarmje de snieflokken. As de temperatuer boppe it ierdoerflak ek leech is, raant it net en dwarrelet it op 'e grûn.
Oantal wite krystdagen sûnt 1901
Oantal wite krystdagen sûnt 1901 © Omrop Fryslân
Dat it yn Fryslân mei de krystdagen in langere perioade net snijt, is dus hiel normaal. Sûnt de mjitting yn 1901 wie de provinsje mar acht kear mei in wite laach bedutsen.
"De minsken moatte dus alle kearen hoopje op in flinke tafalstreffer", beslút de waarman.