Boeren Wynjewâld binne foarbyld foar Nederlân: "Dit doarp kin in enoarme ympuls jaan"

Piet Adema
Demisjonêr minister Piet Adema op wurkbesite yn Wynjewâld © Omrop Fryslân
26 boeren yn Wynjewâld hoopje tegearre in fergêster bouwe te kinnen en sa it doarp fan it gas ôf te krijen. Demisjonêr minister fan Lânbou Piet Adema is ûnder de yndruk fan it projekt.
"Dit is wat wy graach wolle", seit Adema, wylst hy oer de pleats fan de famylje Veenstra yn Wynjewâld rint. Veenstra is ien fan de boeren dy't meiwurket oan it projekt.
"We sjogge dat de CO2-útstjit nei ûnderen giet, de stikstof redusearre wurdt en dat der oan de oare kant ek noch griengas makke wurdt foar in mienskip. Dit doarp wol enerzjyneutraal wurde en dit projekt kin dêr in enoarme ympuls oan jaan."
Wageningen University (WUR) presintearre koartlyn in wittenskiplike ûnderbouwing foar de plannen. Sy dogge ûndersyk nei De Friese Drieslag, sa't it plan yn Wynjewâld neamd wurdt. Foar de inisjatyfnimmers wie dat in oerwinning.

Wat is it plan?

Yn Wynjewâld wolle boeren in fergêster bouwe, dy't by in buorskip komme moat. De boeren moatte dêrfoar in oare stâlflier oanlizze en in put meitsje. Gewoanwei komt de dong fan de kij ûnder de roasters te lizzen, mar troch de nije stâlflier bliuwt it op de flier. It wurdt nei in opslach of put oan de efterkant fan de stâl skood.
De dong wurdt om de fjouwer dagen ophelle troch frachtweinen en by de fergêster brocht. Dêr wurdt der safolle mooglik stikstof úthelle. De stikstofearme dong giet nei tweintich dagen werom nei de boer en dy bedonget syn greide dermei.
"Der binne fansels in bulte projekten dy't mislearre binne", seit Adema. "Dan lei der in idee om de stikstof te redusearjen en wie der in útfining foar dien, mar die letter bliken dat it troch de WUR net ûnderboud wie."
Adema doelt dêrmei op de emisje-earme stâlflier dy't letter troch de WUR ôfsketten waard. "Dat moatte wy net ha, dus it is wichtich dat der goed wittenskiplik bewiis leit."

Jild nedich

Wijnjewoude Energie Neutraal (WEN) hopet al jierren it doarp fan it gas ôf te krijen. Benammen troch de stikstofkrisis ûntstie letter it plan fan de fergêster, wêrtroch't boeren de dong ynleverje kinne. De Friese Drieslag falt wer ûnder it projekt fan WEN.
"Dat wy no de minister op de kofje ha, is fansels hiel moai", seit Tjerk Sinnema fan De Friese Drieslag. "Dit is wer in geweldige stipe. Earst it rapport en no de minister."
Dochs binne der fuortendaliks oproppen foar it Ryk. "Wy sitte mei de stâloanpassingen, dy kostje 150.000 euro en dat jild krijt de boer eins net werom. Dy docht dit allinnich mar om de stikstof te redusearjen en fertsjinnet der neat mei. Dy soe dat jild ek oan wat oars besteegje kinne, mar om't it Ryk de stikstof minderje wol, soe it Ryk dêr dan ek oan mei betelje kinne.

Foarrinnersplannen

Adema kin gjin garânsje jaan foar in finansjele bydrage, mar hat wol tasein dat hy him der hurd foar meitsje wol yn Den Haag. Der lizze plannen foar in stikstoffûns, mar it is noch mar de fraach oft it demisjonêre kabinet der grien ljocht foar krijt. "Mar der leit al wol 1,3 miljard klear", seit Adema.
"De provinsjes binne mei demisjonêr minister Christianne van der Wal fan Stikstof oan it praten oer jild. Dat binne foarrinnersplannen en dus kinne wy dêr noch gewoan mei oan it wurk. Wy ha yn it kabinet ôfsprutsen dat it jild gewoan beskikber is en dan is it noch sjen hoe't wy dat ferdiele. Mar dit liket wol in goeie kânshawwer, want it is in foarbyld foar de rest fan Nederlân."